- 3 - Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 3Mededelingen De mededelingen worden voor kennisgeving aangenomen. 4. Voorstel tot wijziging van de Uitkerings- en pensioenverordening wethouders van de gemeente Boamsterhim. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 5. Voorstel tot vaststelling van de notitie delegatie en mandaat. De foarsitter antwurdet de hear Van der Baan dat it amendemint fan syn fraksje net oan 'e oarder komme kin. De hear Van den Berg seit dat hy gjin ynhâldlike arguminten foar delegaasje fan oan- en ferkeapen oant f 100.000,00 heard hat. Hy soe graach dy arguminten noch hearre wolle. Benammen dy fan de Pv.d.A. omt pas yn twadde termyn waard dúdlik dat de P.v.d.A.-fraksje ferdield wie. De hear Van der Baan seit dat him net bekind is hokfoar delegaas- jebesluten der earder wiene. It stânpunt fan syn fraksje is bekind. De hear Veldstra seit dat de meerderheid fan syn fraksje in delegaasje oant f 250.000,00 tefolle fynt. By de fraksjegearkom- ste wie dat al bekind. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje it kolleezje-útstel stipet. Om slachfeardich operearje te kinnen is in delegaasje oant f 250.000,00 needsaaklik. It foarige delegaasjebeslút is ek al fan begjin tachtigerjierren. Fertrouwen yn elkoar is it punt dêr t it om draait. De hear Van der Baan ynterrumpearret dat it neat mei fertrouwen te krijen hat mar alles mei soarchfâldigens Mefrou Aukes zegt dat haar fractie bij het door haar gedane voorstel blijft. De foarsitter seit dat it kolleezje it prinsipjele sténpunt fan de F.N.P.-fraksje net dielt. Sa't de F.N.P. it hawwe wol kin dat ünwurkbere sitewaasjes opsmite. As foarbyld neamt hy de tapas- sing fan de Wet Openbaarheid van Bestuur. It soe allinne al út praktyske oerwagings net logysk wêze om al it foech oan de ried te litten. Der soe dan ek in totale oare fergaderoarder fêst- steld wurde moatte. Wat de fraksje fan de F.N.P. wol past net yn in hjoeddeiske adekwate bedriuwsfiering. Der is al hiel lang in de1egaasjebeslút oant f 100.000,00. Dat bedrach moat eins om- heech brocht wurde. As de ried it kolleezje wol foar in ton fertrouwt soe dat ek foar 2,5 ton sa wêze moatte. Foar adekwaat hanneljen is in stevich mandaat needsaaklik. De hear Van der Baan tinkt dat der wol adekwaat hannele wurde kin, mar dan ûnder betingst fan goedkarring troch de ried. De ferantwurdlikheid heart yn it foarste plak by de gemeenteried te lizzen. Hy wol graach yn de kommisje in dúdlik byld hawwe fan alle eardere delegaasjebesluten. NOTllll/O/H/BR0UWERJ/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 7