- 4 - De hear Postma freget him óf wêr't dizze diskusje eins oer giet. As de yndeksearing meiteld wurdt soe der yn elts gefal al in bedrach fan twa ton neamd wurde kinne. Wurdt der net yndeksearre dan is der dus sprake fan ynflaasje. Boppedat binne de priizen fan boukavels al troch de ried fêststeld. Hokfoar mjitlatte moat der, as de marzjes bekind binne, dan brûkt wurde? De hear Veldstra seit dat der dochs in grut ferskil leit tusken f 100.000,00 en f 250.000,00. De hear Van den Berg is it alhiel mei de hear Postma iens. It bliuwt neffens him wol deeglik in kwestje fan fertrouwen. Utsein dan de fraksje fan de F.N.P. dy't prinsipjeel in oar stânpunt hat De hear Van der Meulen slüt him oan by de wurden fan de hear Van den Berg. It is spitich dat in part fan de ried net meigean wol mei de argumintaasje fan it kolleezje. De foarsitter seit dat it stânpunt fan de F.N.P. dan wol helder en konsistint is mar it" seker net ferstannich. Hy fynt dat it bedrach fan delegaasje op syn minst bysteld wurde moat. De rekkensom fan de hear Posta bewiist dat ek. It kolleezje is absolút net posityf oer it útstel om it bedrach op f 100.000,00 te halden. Hy slút de gearkomste tydlik om 20.45 oere foar oerlis oer hoe't it krekt sit mei de eksploitaasjeferoardening yn relaasje mei it te nimmen beslút. De foarsitter weriepenet de gearkomste om 20.50 oere. De feitli- ke sitewaas je is as folget: de ried hat op 7 oktober 1997 de ekploitaasjeferoardening fêststeld. Der kin oan -en ferkocht wurde as de bedragen yn de eksploitaasje fêststeld binne. It giet no om dy sitewaasjes dat dat net it gefal is. Er wordt gestemd over het voorstel van het college om aan- en verkopen tot een bedrag van f 250.000,00 te delegeren aan het college. Na gehouden stemming blijkt dit voorstel te zijn ver worpen met 9 tegen 8 stemmen. Voor hebben gestemd de leden Jon kers, Van der Meulen, Postma, H.Veldstra, Van den Berg, De Ja ger, Van den Berg-Wiersma en Smittenberg. De foarsitter seit dat dit betsjut dat der alhiel gjin mandaat mear let. Hy tinkt dat de ried it oarspronklike delegaasjebeslút oannimme wol mei in beheining oant f 100.000,00. Zonder hoofdelijke stemming wordt ingestemd met het gewijzigde voorstel. De fractie van de F.N.P. wil geacht worden tegen te hebben gestemd. 6. Voorstel tot vaststelling van de Kadernota Sociaal Cultureel werk. Nei dat bliken dien hat dat de wizige pagina's út de Kadernota net sa as yn it riedsútstel oanjûn stiet, oan de riedsleden ta- stjoerd binne freget de foarsitter oan de ried oft it útstel behannele wurde kin. Neidat bliken docht dat in tal riedsleden dêr tsjin is slút de foarsitter de gearkomste tydlik om 21.10 oere foar oerlis yn it kolleezje. N0T1111/0/H/BR0UWERJ/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 8