- 8 - Der moatte mei de ynstellings ófspraken wurde makke kinne oer it ynformearjen fan de gemeente by grutte finansjele ferplichtings Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 15. Voorstel tot vaststelling van de Kadernota Sociaal Cultureel Beleid. De hear Roorda seit dat syn fraksje it sosjaal kulturiele belied tige wichtich fynt. It is fan grut belang dat der yn ús gemeente in kwali- tatyf goed foarsjenningsnivo is op it mêd fan it sosjaal kulturiele wurk. It is in goede saak dat der no in kadernota is. Syn fraksje kin ynstimme mei de beliedsútgongspunten. Hy hat omtinken frege foar de takomstige ûntwikkelingen, in ynventarisaasje fan akkommodaasjesde besettingsgraad fan foarsjennings yn de lytse doarpen, it ferbetter- jen fan de foarljochting oer de bydrageregeling foar de minima. Hy giet der fan út dat dizze punten foldwaande omtinken krije by de útfiering fan it nije belied. Ek freget hy omtinken foar foarsjen nings dy't sûnder in gemeentlike bydrage net run komme kinne sa as bygelyks de bibleteek en de muzykskoalle. Syn fraksje stelt út om oer 2 jier it belied te evaluearjen troch, by foarkar, in tefreden- heidsûndersyk te hâlden. Hy hat soarch oer de langduorjende petearen mei de bibleteek en de Twine. It is wichtich dat der op koarte termyn dúdlikheid komt. Wannear is der in útstel oer de bibleteek fan Alde- boarn te ferwachtsjen? Ynstimme mei dizze nota betsjut ek it oannim- men fan in útfieringsferplichting yn finansjele sin. In foarbyld is it oerlis dat plakfûn hat mei de muzykskoalle de dêrút fuortkommende oerienstimming oer de salarisadministraasje. De muzykskoalle is al ferplichtings oangien mei in administraasjekantoarDer driget no't der gjin jild beskikber komt, in grut probleem. Hoe tinkt it kollee- zje dat op de lossen. Ek de koramunikaasje mei oare belanghawwenden, sa as musea en pjutteboartersplakken, liket net optimaal west te hawwen. Ek de stipe foar frijwilligers en it akkommodaasjebelied liket net fan de grûn te kommen. Syn fraksje kin wol ynstimme mei it útstel fan it kolleezje, hoewol't it noch net de helte is fan wat nedich is. It sosjaal kulturiele wurk komt der bekaaid óf seker tsjin de ynvestearings yn de hurde sektor oer. Hy ropt it kolleezje op by de maitiidsnota de rest fan it nedige bedrach frij te meitsjen. Mefrou Santema seit dat dit útstel earst op Sint Maarten behannele wurde soe. De klomske bidler út it ferhaal wei bestiet noch hylti- ten. It kolleezje hat de yntinsje it belied foar lange tiid fêst te lizzen. Wol wol it kolleezje stjoer en rjochting jaan. Dit is faach mar it jout wol romte om yn te spyljen op nije ûntwikkelingen. Dit beliedsterrein raast lykwols om dúdlikens. Nim bygelyks de muzykskoal le, de bibleteek en de sport. Har fraksje fynt it in miste kâns dat de privatisearing fan de sportfjilden net trochgien is. It wurdt hyltiten dreger frijwilligers te finen. Krekt dizze frijwilligers hawwe mear rjocht op dúdlikens. Jou oan oft der wat fan de gemeente te ferwachtsjen fait as net. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje bliid is mei de Kaderno ta. Hy hopet dat it hap-snapbelied no ta it ferline beheart. Syn fraksje kin him fine yn de beliedsútgongspunten. It is goed dat de ferantwurdlikheid hyltiten mear by de ynwenners dellein wurdt. Inisja- tiven fanút de boargers wei moatte stimulearre wurde. Ek de ombou ta in ynkeaprelaasje hat syn ynstimming. Sosjaal kulturiel wurk is yn ús gemeente foar in breed publyk tagonklik. In reaksje op de hear Roorda: sjoen de besunigings dy't ófpraten binne en wat der no dochs dien wurde kin, is dat dochs in hiele ferbettering. Wis bliid mei wat N0T1612/BS/BV/HUISMAHS/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 10