- 13 - De hear Van der Meulen komt noch efkes werom op de ûnsympatike gong fan saken oant no ta. Foar syn fraksje is útstel net nedich, mar no 't de saak der sa hinne leit as dy docht kin hy wol ynstimme. De heer Jonkers stelt voor dat er voorafgaande aan de commissieverga dering schriftelijke vragen worden ingediend bij het college. Mefrou Sant erna fynt it hiel moai dat it kolleezje it fersyk fan de ried honorearre hat. Se fynt it spitich dat de fraksjes fan C.D.A. en D66 net ynljochte binne, dat hie oars moatten. De hear Van den Berg is bliid mei de positive hâlding fan it kollee zje en de grûneigenersHy snapt net dat der noch gjin fragen steld binne, de saken binne ommers al in hiel skoft bekind. De rapportaazje oer de steande-mêst-rûte hie best no oannommen wurde kinnen. Op it momint dat it konveant sletten waard wie bekind dat it de gemeente in protte jild kostje soe. Ek de ûntwikkeling fan Grou-Noard en de konneksjes dêrfan mei it Wetterfront binne net nije saken. Hy kin ynstimme mei it foarútskowen fan de beslútfoarming, mar fynt dat wol spitich fral foar minsken dy't no wer wachtsje moatte op in beslút. Hy is tige benijd nei de fragen en de diskusje dêroer yn jannewaris. De foarsitter seit dat it kolleezje romte kreëarre hat nei yngeand oerlis mei de oanbelangjenden. It kolleezje fynt dat as sa'n grut part fan de ried ferlet hat fan goed en yngeand oerlis dat honorearre wurde moat. Hy stipet de suggestje fan de hear Jonkers om foarófgeand oan de kommisjegearkomste skriftlik fragen yn te tsjinjen. De heer Jonkers zegt dat er in de afgelopen commissievergadering van 8 december een voorstel zonder volledige dekking lag. Hij vindt het volstrekt normaal dat de raad extra tijd vraagt voor deze belangrijke en ingrijpende besluiten. Hij heeft al eerder zijn excuses aangeboden voor het niet in kennis stellen van de andere fracties. Mefrou Santema seit dat har fraksje ek romte nedich hat om nei te tinken De hear Van den Berg oanfurdiget de ekskuses dy't makke binne. De foarsitter konstatearret dat de útstellen 24, 25 en 26 op 12 janne waris yn de kommisje en op 20 jannewaris yn de ried behannele wurde sille. Hy stelt oan de oarder: 20. Voorstel inzake bestemming onvoorzien 1997. De hear Ziilstra seit dat it doarphús en de wente ien gehiel binne. Dat der sein is dat de dûbele beglêzing allinne foar it wenhús is, is net terjochte. Syn fraksje fynt dat der ek subsydzje foar de be glêzing jûn wurde moat. Der sil, as der akkoart gien wurdt mei it útstel fan syn fraksje, minder jild beskikber wêze foar it sosjaal- kulturiele-wurkIt restant fan de post ûnfoarsjoen soe mooglik by de maitiidsnota ynsetten wurde kinne foar it sosjaal-kulturiele wurk. Mefrou Santema slút har oan by dizze wurden. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje fynt dat it kolleezje op in kreative wize omgien is mei de oanfraach fan Friens. Hy is ek bliid dat der jild foar de boarterswurktugen frijmakke is. Hy stipet it útstel N0T1612/BSBV/HUISMANS13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 15