- 7 - De hear De Jager seit dat der yn ús regio stevich ynvestearre yn de soarchsintra. Ynvestearings yn'e takomst en dat is tige wichtich. Syn fraksje felisitearret it kolleezje mei dit kreative útstel om in protte jild beskikber te stellen. De hear Postma seit dat syn fraksje oansprekt dat der op effisjinte wize in tal foarsjennings yntegrearre wurde yn in full-servide-con- cept. Dêrtroch fynt der in optimalisearing fan de foarsjennings plak. Hy freget oft dizze wurkwize ek net trochsetten wurde kin op oare beliedsterreinen. Wethouder Van den Berg zegt dat de Stichting Aldereinwurk hun jaar lijkse bijdrage altijd direct doorsluist aan Leppehiem. Dit bedrag wordt nu gebruikt voor de financiering van de renovatiekosten voor wijkgerichte activiteiten. Daar waar het kan en het nodig is kan ook op andere beleidsterreinen deze werkwijze gebruikt worden. Mefrou Veldstra fynt dat ek in komplimint oan de direksje fan Leppe hiem op syn plak is. Mefrou Santema slút har by dizze wurden oan. De hear Postma seit dat it kolleezje ek wolris sein hat dat de gemeen te net op de stoel fan bestjoerders sitten gean moat. Dizze wurkwize stimulearjen betsjut dan wol in aktive opstelling fan it kolleezje. Wethouder Van den Berg vindt dat de directie van Leppehiem zeer zeker een compliment verdient voor hun vasthoudende streven naar een goed zorgcentrum. Het college wil zich actief opstellen zonder bemoeizuch tig te zijn. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 14. Voorstel inzake garantstelling renovatiefinanciering Leppehiem. De hear Veldstra seit dat syn fraksje graach jierliks de stikken yn de kommisje behannelje wol. Mefrou Santema seit dat har fraksje ynstimme kin mei it útstel. De hear Postma seit dat syn fraksje al faker frege hat nei it belied oangeande garantstellingen. Hy hat begrepen dat it bestjoer fan Leppe hiem net aktyf besocht hat ûnder de gemeentegaransje wei te kommen. It liket him goed dat Leppehiem by fierdere gruttere ynvestearings as finansieiringsferplichtings foarôf tastimming oan de gemeente. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje fynt dat it kolleezje werora- hâldend wêze moat yn it jaan fan gemeentegarânsjesDe gemeentlike beliedsútgongspunten moatte goed op papier stean. Wethouder Van den Berg zegt dat de stukken in de commissie aan de orde kunnen komen. De foarsitter seit dat yn it oanbiedingsbrief dúdlik stiet wat it belied fan it kolleezje is. Der sil wêromhâldend mei it jaan fan garânsjes omgien wurde. Pas as it finansjeel echt oantreklik wurdt sil de gemeente in garânsje oerwage. Ynstellings moatte fansels wol skerp ûnderhannelje en besykje sûnder in gemeentegarânsje de finansie- ring rûn te krijen. As in ynvestearing liedt ta waardefermindering fan it kapitaal dan is dat gjin goede saak. N0T1612/BS/BV/HUISMAMS/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 9