- 8 - in tal komponinten: salariskosten, apparaatskosten en aktiviteitenkos- ten. Dat hie ek sa yn it konvenant beneamd wurde moatte omt dat oanslút by it BBI-ynstrumentariumWat wichtiger is is dat de subsydzje jierliks op grûn fan in jierwurkplan fêststeld wurde moatte soe mei dêr oan kep- pele in begrutting. De bibleteek hat it goed foarelkoar. Fan de ôfrûne jierren binne der begruttingen, in 'beliedsnota en jierwurkplannen oer- lein. Allinne de konkrete fertaling yn eksploitaasje- en aktivasifers hat de ried nea krige. Dêrneist is in einôfrekkening ek hiel wichtich. Dizze wichtige eleminten hearre ek yn in konvenant. Under punt 4 fan it konvenant stiet dat de kolleksje op it hjoeddeistige nivo bliuwe sil. Mar dat is net it nivo fan 1998 mar fan 1996. Dat steat net dúdlik yn de tekst. By punt 5 is de marzje yn it tal útlieningen yn Akkrum hiel lyts en by de bibliobussen sit der hielendal gjin marzje tusken. It jierfer- slach fan de bibleteek lit sjen dat it tal útlieningen yn de bibliobus sen yn ferhâlding minder is dan dy yn de útlienpunten. Yn de takomst kin dit problemen opsmite en de fraach is hoe't dêr mei omgien wurde sil. By de punten 6 en 7 komt hy in tal ûneigenlike punten tsjin as it giet om it oanbod en de prestaasjes. Der wurdt praten oer formaasje-oeren, CAO en priisyndekssifers. Dit hat neat mei prestaasjes te krijen. Hokfoar priisyndekssifer wurdt der op hokfoar kostenkomponint tapast? Mei de pvmten 10 en 11 kin syn fraksje ynstimme. Punt 14 (Evaluatie) is net dúdlik formulearre. Jo soene léze kinne dat as der ôfwikingen binne dy't it stichtingsbestjoer te ferwiten binne dat net liede sil ta it bystel- len fan de subsyzje. It is de fraach oft dat de bedoeling west hat. It giet, tinkt hy, om it net realisearjen kinnen fan de oerienkommen pres taasjes. Wat dat oanbelanget moat it konvenant nochris goed besjoen wur de. Syn fraksje kin ynstimme mei de ienmalige bydrage fan f 5000,00 foar de ynset fan frijwilligers, mei de útwreiding fan de kolleksje foar f 20.000,00 en mei de friksjekosten fan f 7000,00. Hy kin net ynstimme mei de friksjekosten foar de CBD. De Kadernota moat oanpast wurde en dêr kin hy mei ynstimme. Ek de Stichting moat syn beliedsnota 1997-2000 oan- passe. Hy is nijsgjirrich nei de ófspraken dy't makke binne mei Alde- boarn en Reduzum. Binne dy ôfspraken oarsaaklik ferbûn oan dit beslút. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje der grutte muoite mei hat dat der earst net praten is mei de doarpen eart it kolleezje kaam mei in útstel. Neffens har funksjoneare de útlienposten goed. Wêrom moat dy foarsjen- ning dan ôfbrutsen wurde? In útlienpost hat in mearwearde tsjin in bi bliobus oer. In útlienpost hat in sosjale funksje yn it doarp. Dêrom is in bibliobus in weromgong foar de leefberens yn de doarpen. De hear Van den Berg seit dat dizze saak al in hiele tiid rint. Utgongs- punt wie in besuniging fan f 150.000,00 op it bibleteekwurkDêr is in hiele tiid mei omwraksele. Hy kin him dy wrakseling wol yntinke. As de besuniging echt realisearre wie dan wie der no allinne noch mar in jeugdbibliobus west. De bibleteek fan Akkrum en de útlienposten fan Al- deboarn en Reduzum soene der net mear wêze. Mei dit útstel is dat gelok- kich net trochgien. Nettsjinsteande de pine foar Aldeboarn en Reduzum kin der sprutsen wurde fan in behoarlik risseltaat. Tsjin oare gemeenten oer is it risseltaat ek net gek. Yn dizze sitewaasje is der in Stichting Bibliotheekwerk Boarnsterhim. Dat is in foarbyld fan it op ôfstân setten en tichterby de boargers bringen fan it gemeentlike belied. Hy hie him dan ek yntinke kinnen dat de kommunikaasje mei de boargers mear fia de Stichting rûn wie. De gemeente stiet dan, omt it om in ynkeaprelaasje giet, mear op ôfstân. No wurdt der allinne mar sein dat de gemeente it net goed dien hat. It risseltaat fan de ûnderhannelings is in duorsum konvenant. De bibleteekfoarsjenning giet net mear nei ûnderen mar eins omheech. Yn de Kadernota Sosjaal Kulturiel wurk stiet eins de boaiem fan it foarsjenningenpakket. Spitich dat dat no wol bysteld wurde moat. De Notl702.doe

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 11