- 10 - riedskommisjeSyn fraksje hâldt muoite mei de friksjekosten foar de CBD. Hy wol de ófspraken mei Aldeboarn en Reduzum yn de kommisje AZW be- sprekke. De dekking fan de f 47.000,00 leit in hiel grutte kleem op de post ûnfoarsjoen 1998. Hy fynt it ûnferantwurde op dit momint dy post al yn te follen. De hear DeJager seit dat it sosjale aspekt foar de doarpen hiel wich- tich is. It ferskil tusken in útlienpost en in bibliobus is net goed út de ferve kommen. It tal ynformaasjedragers tusken beide is ek in grut ferskilHy tinkt dat de doarpen ynventyf genôch binne as it giet om it kreëarjen fan wachtromtes ensafuorthinne Mefrou Santerna seit dat de wethâlder al oanjûn hat dat it konvenant let ter nochris yn de kommisje oan'e oarder komt. Op haadlinen kin har fraksje wol ynstimme mei it konvenant, mar sy wol der noch gjin goedkar- ring oan ferliene. Har fraksje kin net ynstimme mei de friksjekosten foar de CBD, omt der neffens har noch net goed ûnderhannele is. De ôf- spraken mei Aldeboarn en Reduzum wol sy graach yn de kommisje besprekke. Sy hat it gefoel dat de doarpen dit konvenant net as in moaie oplossing sjogge. Aldeboarn en Reduzum misse harren útlienpost. Der sil in protte tiid oer hinne gean foardat dit konvenant echt akseptearre wurdt. Wethouder Van den Berg zegt dat juist voor de implementatie van de nieu we situatie frictiekosten gemaakt moeten worden. Dat geldt ook voor de CBD. Het gaat om een heel pakket maatregelen om de nieuwe situatie tot stand te brengen. Over de frictiekosten is met het stichtingsbestuur on derhandeld. De f 15.000,00 voor de CBD kunnen er niet zomaar uit gehaald worden. De CBD zal een nieuw rij schema moeten maken en de faciliteiten moeten aangepast worden. De gemeente wil van de stichting diensten afne men. De stichting koopt die diensten in bij de CBD. De wijziging in de afname van diensten moet betaald worden. Daar is lang en breed over ge sproken. De frictiekosten voor de CBD zijn in die onderhandelingen be paald op f 15.000,00. Zij is erg content met de instemming van de hoofd lijn van het convenant. Op de vrageir die gesteld zijn zal het college in de commissie terugkomen. De hear Postma seit dat it net allinne om in ferdúdliking giet fan pun ten út it konvenant. Der binne ek saken dy't net yn in lykwichtige re- laasje steane en der binne saken dy't net spoare mei wat der yn de tal- jochting stiet. Dat moat detailearre útwurke wurde. De hear Van den Berg tocht dat ek de hear Postma it útstel op haadlinen bes jen woe. As de ried him fine kin' yn de yntinsje fan it útstel, leit der allinne noch in útwurkingsprobleem. Hy kin him net yntinke dat de hear Postma noch in neier útwurke útstel yn de kommisje hawwe wol. Wethouder Van den Berg zegt dat het college de Kadernota wel wil aanpas sen. Blijkt er na de evaluatie na 4 jaar toch sprake zijn van een andere situatie dan kan op dat moment nader bekeken worden. De foarsitter seit dat der in konvenant oangien wurdt mei de Stichting, dy't op syn beurt tsjinsten keapet fan de CBD. Dat makket dat it in yn- gewikkeld ferhaal is. Dat is ek in probleem foar it kolleezje. As de ried net de f 15.000,00 frikjsekosten foar de CBD beskikber stelle wol betsjut dat in probleem foar de Stichting. It kolleezje wol de Stichting net mei dat probleem opskypje. It kolleezje is ek fan miening dat der best noch wat te sizzen fait oer it konvenant. Op de haadlinen giet de ried wol akkoart. De ried freget it kolleezje nochris mei de Stichting te praten oer de ymplemintaasje en de punten 1 oantemei 14 fan it konve- Notl702.doe

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 13