- 11 - nant en de risseltaten dêrfan yn de kommisje te bringen. Der is net foar neat in evaluaasje opnommen yn it konvenant. It kolleezje nimt dy op dracht graach oan. Mefrou Santema fynt dat der in te meagere tasizzing is oangeande de f^iksjekostenSy tinkt dat de nnderhannelings mei de CBD noch net ôfrûn binne. Se freget mei klam noch oer dy friksjekosten te ûnderhanneljen. De hear Postma wol graach it beslút by punt 1 sa formulearre hawwe: "In te stemmen met de gepresenteerde overeenkomst op hoofdlijnen met dien verstande dat aanpassingen op detailniveau en een nadere uitwerking en concretisering zullen volgen." De tekst op side 3 ûnder Frictiekosten is wat misliedend. Der stiet dat it kolleezje de kosten bepaald hat op f 15.000,00 wylst de wethâlder sei dat it om in ûnderhannelingsrissel- taat giet. Mefrou Veldstra seit dat sy net ynstimt mei punt 5 fan it beslút. Wethouder Van den Berg zegt dat de f 15.000,00 het resultaat van de on derhandelingen geweest. De foarsitter seit dat as de friksjekosten foar de CBD út it konvenant helle wurde der in probleem ûnstiet foar de Stichting. It kolleezje wol dat net. Net allinne fanwegen it feit dat it útûnderhannele is mar ek soe it net korrekt wêze nei de Stichting ta. It kolleezje wol wol oan de suggestje temjitte komme om nochris goed oer dy kosten te praten. Ek moat der praten wurde oer de ynset fan de CBD as it giet oer de levering fan produkten en tsjinsten oan de lokale bibleteek yn de geast sa't de hear Postma dat yn de earste termyn ferwurde. Der lizze in finansjele ynfalshoek en ynfalshoeken dy't te krijen hawwe mei it konvenant. It produkt fan dat petear wurdt wer yn de kommisje brocht mei in taljoch- ting oer wat der yn feite oan de hân is. It kolleezje hat seker begryp foar de fragen fan de ried. Binnen 3 moanne sil dit ûnderwurp yn de kom misje oan de oarder komme. De hear Postma freget oft dit betsjut dat it konvenant net sa ûnderteke- ne wurdt as no oan de ried foarlein is? De foarsitter seit dat it konvenant' tekene wurde sil tsjinde achtergrûn fan wat der yn de diskusje bepraten is. De punten en komma's moatte noch ynfold wurde. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel beslo ten. Mevrouw Veldstra wordt geacht tegen punt 5 te hebben gestemd. De fractie van de P.v.d.A. neemt weer plaats in de raadzaal. 13. Voorstel met betrekking tot het advies inzake de aanwijzing van het pand Leechein 12 te Akkrum tot beschermd rijksmonument. De hear Ziilstra freget wat it kolleezje bedoelt mei it ynlûken en wers- jen fan it bestriden beslút yn it brief oan de Arrondissemintsrjochtbank fan Ljouwert. Mefrou Santema seit dat as de skoalle ôfbrutsen wurdt dy nea weromkomt Sa as de skoalle der no stiet dat is gjin moai gesicht, mar hy fertsjintwurdicht wol in boustyl fan in bepaalde tiid. Yn hiel Boanr- sterhim stiet der gjin âlde skoalle op de list fan "nije" monuminten. Har fraksje giet der foar yn de pleit en set dizze skoalle op de list. Sa kin it partikuliere inisjatyf beleanne wurde. Sy bringt de skiednis Notl702.doc

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 14