Gemeente BOARNSTERHIM Notulen van de vergadering van de raad van de gemeente Boarnsterhim gehou den op 24 februari 1998 om 21.00 in het gemeentehuis te Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Aanwezig: de dames D.J. Aukes-Huizinga, K. van den Berg-Wiersma (wet houder), T. de Boer, R. Santema-Jansma en L. Veldstra- Lantinga en de heren J.A. van der Baan, K.G. van den Berg, A.M. de Jager, H.A. Jonkers, J.A. Koot, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof, H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg (wethouder)H. Veldstra en J. Zijlstra. Voorzitter: de heer Y. Dijkstra. Loco- Secretaris: de heer C.I. Koffeman. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o toezegging) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy dielt mei dat de hear Ids Postma by syn huldiging as winner fan Olympysk goud yn Nagano beneamd is ta eareboarger fan de gemeente Boarnsterhim. Hy stelt oan 'e oarder: 1. Voorstel tot vaststelling van het bestemmingsplan buitengebied Boarn sterhim. Mefrou De Boer seit dat al jierren wurke wurdt oan it nije bestimmings- Plan bûtengebied. It is spitich dat op de ein fan it trajekt der foar de echte ynspraak mar krap tiid wie. Yn it bestimmingsplan wurde saken fêststeld dêr't jo oer 50 jier noch mei út de fuotten kinne moatte soe- ne. Har fraksje fynt dat Boarnsterhim in iepen agrarysk gebiet is mei tradisjonele feehâlderij en rekreaasje as stipe. De feehâlderij is de grutste poat en it is goed dat dy fierder ûntwikkele wurde kin. It struktuerskema Groene Ruimte seit eins krekt itselde. Foar de yntensive feehâlderij is dêryn romte foar útwreiding fan besteande bedriuwen. De fraksje fynt dat de yntensive feehâlderijbedriuwen as neventak wol kâns hawwe moatte, mar net yn de doarpssônes en it rekreatyf kearngebiet. Der moat ek nochris goed praten wurde oer de miljeu-easken. Har fraksje fynt, op ien lid nei, dat der gjin mooglikheid wêze moat foar solitêre wynturbines omt it doel foar Fryslân al helle is. Har fraksje kin yn- stimme mei it útstel oangeande de clusters. Sy wol graach by de evalu- aasje besjen oft der fia artikel 19 in fergunning ôfjûn wurde kin en net fia artikel 11. Oer de Alde Feanen en de Burd is hiel lang praten. Der binne ek in protte beswierskriften yntsjinne oer dit ûnderwerp. De fraksje fynt dat de werynrjochtingskommisje mei in goed alternatyf kom men is. Dat moat it útgongspunt wêze. De beliedsnotysjes wenskippen en kampearen binne prima. Har fraksje fynt dat de skippen dy't by wenarken oanlein wurde kinne maksimaal 15 meter lang wêze meie. It kolleezje hat in goed útstel dien oangeande de steande-mêst-rûte. Har fraksje is gjin grutte foarstanner fan doarpsboskjesDe amendemintenBy artikel 4 oer it agrarsyk gebiet wol sy graach it wurd "grondgebonden" tafoegje. Yn tensive feehâlderij allinne as neventak yn dy gebieten dy't net doarps- Not2402doe

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 16