- 2 - sône as rekreatyk kearngebiet binne. Utgongspunt dêrfoar is de belieds- notysje dy't it kolleezje yn earste ynstânsje oan de ried oanbean hat. Har fraksje wol de mooglikheid foar solitêre wynturbines ferfalle litte. Oangeande de noardlike kluster is har fraksje foarstanner fan in evalu- aasje yn de ried. De eventuele fergunning moat fia artikel 19 ferliend en net fia artikel 11. Oangeande de frij stelling fan de gebrûksfoar- skriften: dêr wurdt praten oer it "mede bepalend zijn van de beleidsno tities". Har fraksje fynt dat it wurd "mede" ferfalle moat. Har fraksje wol de bouhichte fan it toiletgeboutsje by it baggerdepot bepale op 5 meter en net op 8 meter. De hichte fan it strânpaviljoen moat ek beheind wurde ta ien boulaach. Itselde jildt foar it behearsgebou by it spoar. Op hokfoar wiize is dêr de hichte fan bepaald? De hear Oosterhof fynt it wol spitich dat de fêststelling fan dit be- stimmingsplan sa flak foar de ferkiezings komt. Oan de oare kant is it ek wol goed dat dizze ried it noch fêststeld. Syn fraksje kin ynstimme mei de útkomst fan it oerlis mei de FLTO oer de yntensive feehâlderij It giet om yn it ynstânhâlden fan it, plattelân, ek sjoen de wurkgelegen- heid en it fuortbestean fan bedriuwen. Syn fraksje fynt dat yn it hiele bûtengebiet kampearen by de boer mooglik wêze moat. Hy kin ynstimme mei it útstel oer de steande-mêst-rûte. Hy kin him fine yn it útstel oan geande de doarpsboskjes. Foar syn fraksje is it net needsaaklik dat der bebouwing yn de doarpsboskjes komt. Hy kin him fine yn it útstel fan it kolleezje oangeande de wynturbines. Punt 2 en 3 fan it útstel wol hy skrasseSyn fraksje fynt dat de Himpensermar net ûnder wetter setten wurde moat. Hy wol graach witte oft it minderheidsstânpunt fan it kol leezje noch bestiet. Oer de Burd is in emoasjonele diskusje west. Syn fraksje wol de bestimming "natuur-ontwikkeling" feroarje yn "natuur- grasland"Der wurdt 200 ha oan it agrarysk gebrûk ûntlutsen. Op gerslân is ek natuerûntwikkeling mooglik. In oare oerwaging is dat der kapi- taalsferneatiging plakfynt. Der is koartlyn in miljeukoöperaasje op- rjochte dy't ree is it gebiet te ûnderhâlden. Hy fynt de slotfisy fan dit ûnderwerp twingend, oplizzend, de ûndemokratyske kant it neist. Sa snijt in demokratyske beslútfoarming ûnder. Hy wol graach yn it útstel oer de Alde Feanen de passaazje oer it stabilisearend fermogen derút hawwe. Dan soe omraers gjin üntwikkeLing en útwreiding mear mooglik wêze. Hy wol dat graach meijaan oan de kommisje fan oerlis. Syn fraksje hat wat problemen mei it feit dat op guon perselen de agraryske bestimming feroare is yn in wenbestemmingHy tinkt oan feehânnelers en rustende boeren dy't dochs noch wol wat fee hâlde wolle. It giet dan faak om beropsmjittige aktiviteiten. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje tige wiis is mei dit bestim- mingsplan. Der is in soad gebrûk makke fan de ynspraakmooglikheden. Yn grutte mate is temjittekommen oan de beswieren. Der is dus in behoarlik draachflak ûnder de ynwenners foar dit plan. Syn fraksje fynt dat dit bestimmingsplan op haadlinen dúdlik rjochting jout oan de romtlike be stimming. De balâns tusken wenjen, wurkjen en rekreëarjen is goed. It plan jout romte oan alle agraryske ûndernimmersIt akkoart dat mei de FLTO sletten is jout oan dat Bdarnsterhim wiis is mei syn ûndernimmers en harren gesinnen. It is lykwols net sa dat no alles mar mei; der wurdt stribbe nei in soarchfâldige romtlike ynfolling. It liket lykwols dat net eltsenien genôch hat oan de tamjitten romte. Is in útsûndering moog lik? It kolleezje is dúdlik oer de 'iepenheid foar de rekreaasje fan de Alde Feanen. De problematyk oangeande de Burd is folie komplekser. It C.D.A. fynt dat der ek romte wêze moat foar rekreatyf meigebrûk fan de Burd. It skrassen fan it wurd "moeras" docht ek rjocht oan de útstellen fan de werynrjochtingskommisjeSyn fraksje kin him fine yn de útlis fan Not2402.doc

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 17