- 4 - behanneleIn ferfolch fan de harksit in pear dagen letter hie gjin doel omt der gjin genôch publisiteit oan jûn is. Foarljochting oer de Burd foei yn de hjerstfakânsjeIt útstel fan har fraksje om de beslútfoar- ming út te stellen hat it spitigernôch net helle. Dizze ried sit der om- mers oant 14 april. Ynhâldlik makket sy de folgjende opmerkingen. Har fraksje kin ynstimme mei thema 1. Thema 5: de wizigingsbepalingen oan- geande de farrûte en de ynfrastruktuer fan wegen yn de steande-mêst-rûte moatte neffens har gelyk wêze. Yn artikel 22, lid 5 en lid 14 sitte ferskillen. Thema 6: har fraksje fynt dat de sin oer it ferplakken fan besteande mûnen nei in geskikter biotoop ferfalle kin. Thema 7: har fraksje hat al earder sein tsjin doarpsboskjes yn kombinaasje mei lân- guodwenjen te wêzen. De hear VanderBaan seit dat der al wol 14 jier wachte is op dit be- stimmingsplan. De tiidsdruk fan de léste tiid jout wol kâns op missers. Syn fraksje is fan betinken dat der én gjin solitêre münen én gjin klus- ters fan münen tastien wurde moatte. De ûntjouwings op it mêd fan skjin- ne enerzje geane gans in oare kant út. As der noch wat mei wynenerzje dien wurde sil is dat yn grutte parken yn see en op 'e eilânnen mei mü nen fan 200 meter heech. As der noch mear wynmûnen yn Fryslân setten wurde liket dizze provinsje wol in spjeldekessen. Kieze foar it miljeu betsjut ek dat it lânskip sparre wurdt. Der binne oare alternativen sa as de waarmte-krachtkeppelingWynmûnen binne dus in achterhelle saak. Syn fraksje ûnderskriuwt de miening fan de fraksje fan de V.V.D. oange- ande de HimpensermarSyn fraksje kiest foar de Burd as greidefûgelge- biet. It plan fan de werynrjochtingskommis je is in dj oer plan omt der troch de ferskillende polderpeilen ekstra kosten makke wurde moatte. Dit plan is in kompromis. It liket Berlin wol nei de wrâldkriich. Syn fraks je fynt dat it "stablilisearjend fermogen" foar de Alde Feanen út de plannen skrast wurde moat. De mooglikheid ta ûnderhanneljen moat bliuwe. De Alde Feanen moatte op rekreatyf gebiet mear mooglikheid krije ûnder strange betingsten. De Alde Feanen moatte dus net op slot setten wurde. De hear Van den Berg wol him oanslute by de wurden fan de hear Jonkers as it giet om de wurdearring dy't der is foar it wurk dat fersetten is. Syn fraksje is bliid dat it plan no troch de ried fêststeld wurde kin. Sa kin foldien wurde oan de tasizzing dat dit plan noch yn dizze rieds- perioade der komme soe. Der is sprake fan in langrinnend proses, rom 6 jier. Yn dy perioade binne de boargers meardere kearen by de tastânkom- ming fan it plan belutsen west: in klankboerdgroep, ynspraakrondes yn de doarpen, petearen mei belangenorganisaasjes en harksitten. De tiidsknipe dy't der west hat fait net te ûntkennen. Foar oare plannen kin dér út leard wurde. De pine siet him fral yn it léste trajekt. Dat der in prot- te oerlis west is is in goede saak; it komt it plan ten goede en it dra- acht by oan in breed draachflak foar dit plan. Mei it fêststellen fan dit plan kin der ôfskie nommen wurde fan 15 âlde dielplannen. Der kin fan no óf oan wurke wurde mei in modern bestimmingsplan, dat kenmerke wurde kin as globaal en fleksibel, mei mooglikheden foar maatwurk by de ferliening fan fergunningsIt plan sil dêrtroch lang aktueel bliuwe. De stelling dat de fleksibiliteit -de rjochtssekerheid ûnderminet dielt hy net. It tsjinoerstelde is wier." It yn detail fêstlizzen liedt ta skyn- sekerheid. It bestimmingsplan beslacht in grut part fan ús gemeente en dêrom is it ek sa tige wichtich. Us gemeente wurdt noch hyltiten typear- re as in agraryske gemeente. It is 'dan ek net ferwûnderlik dat it kol- leezje in protte omtinken jün hat oan it kreëarjen fan in agraryske be st immingsregeling wêrby de needsaaklike dynamyk fan de lânbou mooglik bliuwt. It siert it kolleezje dat dy ree is dêrfoar in beliedswiziging troch te fieren foar de yntensive feehâlderijIt kenmerket de wurkwize Not2402.doc

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 19