- 5 - fan it kolleezje dat dat yn oerlis mei de oanbelangenjen bard is. Fier der wurdt de gemeente typearre as in rekreaasjegemeenteOp dat punt jout it bestimmingsplan mooglikheden ta nije ûntjouwings. Yn de notysje oer it kampearen is dêr it nedige oer sein. Syn fraksje kin dêr mei yn- stimme. Dat jildt ek foar it ynnimmen fan plak foar rekreative wenskip- pen. De feitlike sitewaasje is maatjowend foar de takomst. Punt fan om- tinken is de sitewaasje yn de Alde Feanen. Syn fraksje hat net yn de foarskriften fine kinne dat de Alde Feanen ôfsletten wurde foar de re kreaas je. Hy ûnderskriuwt de ynset yn it plan om de oanliskapasiteit foar de rekreative toerfaart en de besteande farrûtes te behâlden. Hy freget oft it útgongspunt noch wat steviger ferwurde wurde kin yn de tekst op side 31. Syn fraksje giet akkoart mei de regeling foar de yn- tensive feehâlderijMei it kolleezje en de FLTO is hy fan miening dat dizze nuansearre bebouwingsregeling rjocht docht oan de ûntjouwingsmoog- likheden fan agraryske bedriuwen. Tagelyk wurdt tefoaren kommen dat it lânskip tichtsliket mei omfangrike bebouwing. Op side 70 wurdt sprutsen oer de ferromming fan in agrarysk bouperseel. Hy mist derby de ferwizing nei de ekstra stimulearingsromte mei it each op ekologysk buorkjen. Syn fraksje bliuwt fan betinken dat ek Boarnsterhim in taak hat by it finen en stimulearjen fan alternative duorsume enerzjyboarnen. Dêryn passet ek it pleatsen fan wynturbines. It past ek binnen it belied sa as dat yn- setten is en dat yn 1995 nochris befestige is. Mei de oanpaste regeling kin syn fraksje ynstimme. It kolleezje hat harke nei dyjingen dy't be swieren hiene tsjin wynmûnen by Reduzum. It kolleezje hat ek rekken hél den mei de útkomsten fan de enkête fan de provinsje Fryslân fan 1997 dêr't yn stiet dat der in grut draachflak bestiet foar wynenerzje, ek as it giet om wynmûnen yn de eigen gemeente. De no foarstelde regeling hâldt rekken mei alle belangen. Hy freget de fage omskriuwing op side 73, artikel 22, lid 12 oan te passen. Syn fraksje stipet de sjenswize fan it kolleezje sa as ferwurde yn it riedsútstel. Hy bliuwt fan miening dat de foarstelde regeling in goede is. Graach fêsticht hy nochris it omtinken op it artikel fan de hear .Goos fan Pleatslik Belang fan Grou. Dêryn giet hy tige yngeand yn op de plannen foar de Burd. It Platform Behoud Fries Cultuurlandschap kenmerket de hâlding fan it kolleezje en fan syn fraksje as net demokratysk. Hy nimt dêr grutte ôfstân fan. Foar him telt net de macht fan it getal, mar de krêft fan de arguminten. Mei de bestimming "natuerûntwikkeling" wurdt rekken hâlden mei alle belangen en sa kin der in útfieringsplan komme dat finansjeel útfierber is en dat oer foldwaande draachflak beskikt. Hy hat der alle betrouwen yn dat de lânynrjochtingskommisje der mei de belutsen organisaasjes yn slagje sil in goed útfieringsplan te meitsjen* Wantrouwen is in minne riedjower. Allinne op grûn fan fertrouwen fan wjerskanten kinne der goede dingen ta stân brocht wurde. Hy kin him fine yn itjinge de fraksje fan de P.v.d.A. seit oer de kaart fan de lânynrjochtingskommisjeYn hoefiere is it mooglik om op side 30 oer it romtlike belied yn kwantitative sin noch inkele wurden oan de tekst ta te heakjen om dêr mei oan te jaan dat de Burd yn gjin gefal yn syn gehiel as foar it grutste part ûnder wetter setten wurde mei. Syn fraksje kin ynstimme mei de útstellen oangeande wenskippen en kampearen. Hy is der bliid mei dat it kolleezje it útstel om in relaasje te lizzen tusken de noch troch de ried op te stellen tra- sénota en it wizigingsfoech yn" artikel 22, lid 5 en 14 opnommen hat. Syn fraksje hâldt grutte problemen mei it stelde yn artikel 22, lid 11. Fan it begjin fan dizze riedsperioade oan hat syn fraksje stelling naam tsjin it ûnder wetter setten fan de HimpensermarpolderHy sjoch him dêryn stipe troch de reaksje fan de kommisje fan oerlis en de FLTO en guon oare fraksjes. Hy freget oft it kolleezje ree is te sjen nei dit wizigingsfoech yn dy sin dat dat skrast wurde kin. Syn fraksje is bliid mei de beliedsnotysje oer de tradisjonele wynmûnen. Syn fraksje is ak- Not2402.doe

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 20