-11- Wethouder Smittenberg zegt dat het gaat om 60 ha water en riet. De rest wordt grasland. Mefrou De Boer seit dat fraksje útsteld hie it wurd "grondgebonden" ta te foegjen. Har fraksje sit der net op te wachtsjen dat der nije ynten- sive feehâlderijbedriuwen bijkomme. Mar ek by besteande bedriuwen soe it sa weze kinne dat in boer út it suden wei nei it noarden talûkt en dan in kompleet nij yntensyf feehalderijbedriuw bedriuw begjint. Dat kin neffens har net de bedoeling weze. Har fraksje hat wol soarch foar de wurkgelegenheid mar wol net meiwurkje oan ferpleatsing fan bedriuwen dy't earne oars net mear bestean kinne. As neventak by de tradisjonele feehâlderij hat sy gjin beswieren. Ek foar it plak der't yntensieve fee- halderij tastien wurde kin moat der in romtlike skieding oanbrocht wur- de. Har fraksje bliuwt tsjin de solitêre wynturbines. Ek oangeande de klusters is har fraksje tsjin. Der kin altiten noch fia artikel 19 ynspile wurde op nije ûntwikkelingen. De mûne yn Friens stiet net op de kaart, hoe sit dat? Har fraksje wol de hichte fan it strânpaviljoen fêstlizze op 7 meter. Sy kin ynstimme mei it mearderheidsstânpunt fan it kolleezje oangeande de HimpensermarSy leit der de klam om dat as de mar ûnder wetter setten wurdt der kompensaasje fün wurde moat foar it fûgelgebietSy kin ynstimme mei it beneamen fan de Alde Feanen as re- kreaasje stabilisaasjegebietHar fraksje kin him fine yn it stânpunt dat der maksimaal 60 ha wetter en reid op de Burd komme kin. Sy is it iens mei de fraksje fan de V.V.D. dat der bést in doarpsbosk komme kin mar der moat dan gjin bebouwing yn. De hear Oosterhof seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel oan geande de yntensive feehâlderijHy hat net hielendal goed begrepen wat de wethilder sein hat oer de funksjewiziging fan in agraryske nei in wenbestimming foar net echte beropsútoefeningWat it kampearen oanbe- langet fynt hy dat de merke him seis wol regelet. Syn fraksje wol de tekst op side 3 0 oangeande de Himpensermar wizigje yn dy sin dat it greidefûgelgebiet bestean bliuwe moat De foarsitter seit dat dit léste as amendemint beskôge wurde sil. De hear Oosterhof seit dat syn fraksje fynt dat der gjin beheining oan de ûntwikkeling fan de Alde Feanen foar de rekreaasje oplein wurde mei. De kommisje fan oerlis kin dat fierder wol regelje. Syn fraksje hat mo- tiven neamd oer de Burd, sa as kapitaalsferneatiging, ûnttrekking oan de agraryske bestimming, dat opfold wurde kin mei de miljeukoöperaasje dy't krekt oprjochte is en it behâld fan greidefûgelgebietIt maats- kiplik draachflak is troch him net neamd. Syn fraksje komt mei it amen demint dat de Burd natuer/gerslân wurde moat. Syn fraksje wol allinne mar solitêre wynmûnen tastean. De hear Van der Meulen kin akkoart gean mei de weromhâldendheid fan it kolleezje oangeande de oanlisfergunnings yn de mozaykferkavelingsgebie- ten. Syn fraksje fynt dat der net oeral kampearen by de boer tastien wurde moat. Hy stipet dan ek it stânpunt fan it kolleezje. Bedriuwen binne al hiel bot dwaande mei it miljeu en sadwaande fait it mei de stank fan yntensive feehâlderijbedriuwen hiel bot ta. Syn fraksje stipet de mearderheid fan it kolleezje oangeande de Himpensermar. Waarmte- krachtkeppeling is noch hyltiten gjin skjinne enerzje. Syn fraksje fynt dat ek yn Boarnsterhim plak is foar in pear wynmûnen. Syn fraksje fielt der wol foar it tal hektares wetten en reiden op de Burd fêst te lizzen. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie tegen clusters van windmolens is. Not2402.doe

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 26