GEMEENTE BOARNSTERHIM T S T E L Gearkomste Wurklistnûmer Portefuljehâlder Mefrou K. van den 24 maart 1998 6 Berg-Wiersma Grou, 13 maart 1998 OAN 'E GEMEENTERIED UNDERWERP Oardering oer it brûken fan 'e Fryske taal yn it skriftlik ferkear by de gemeente Boarnsterhim. KOARTE INHALD In stikje (besteand) taalbelied fêstlizze yn in oardering en derby kieze foar twataligens. UTSTEL FAN BOARGEMASTER EN WETHALDERS My yngong fan 1 july 1995 is de "Wet fan 4 mei 1995 (Stb 1995-302), houdende wijzigingen van de Algemene wet bestuursrecht in verband met opneming van regels betreffende het gebruik van de taal in het be stuurlijk verkeer" fan krêft wurden (Taalwet). Dêrmei is de posysje fan it Frysk en it Nederlânsk yn it bestjoerlikferkear formeel rege- le. Nei oanlieding dèrfan hat de Provinsje - yn gearwurking mei de Ferie- ning fan Fryske Gemeenten - in modeloardering makke. De bedoeling is dat alle Fryske gemeenten en Wetterskippen in (nije) taaloardering fêststelle. Yn it "Plan fan oanpak Frysk" dat op 4 july 1995 troch de ried fêst- steld is wurdt ûnder oaren sein: "Om 'e selsstannige ûntjouwing. fan it Frysk, op grûn fan praktyske foardielen en fanwegen de twataligens fan 'e gemeente, sil Boarnster him yn stikken óf inkeld Frysk óf inkeld Nederlânsk brûke. Dêrby oanslutend is yn dizze oardering keazen foar twataligens, dat rjocht docht oan it begjinsel fan gelykweardigensIt slút ek oan by it oant no ta fierde taalbelied. GHVRQAR.FRY/RAAD/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 42