- 2 - Der is in oersettingregeling fan tapassing. Schriftlike stikken yn 'e Fryske taal wurde, as dêr om frege wurdt, tsjin fergoeding yn it Nederlânsk beskikber steld. Foar belanghawwenden is in oersetting fergees. Yn oare gefallen kin de gemeente seis dy fergoeding fêst- stelle Wy stelle jimme foar yn 'e leezjesoardering in taryf op te nimmen fan f 11,25 de side (mei te nimmen yn 'e jierlikse oanpassing fan 'e leezjesoardering). Dat taryf is net kostedekkend, mar in substânsjele bydrage yn 'e kosten achtsje wy wol winsklik. In taljochting it kêst is taheakke. Omdat op grûn fan kêst 2:10, lid b fan de Awb in oardering yn alle gefallen ek yn it Nederlânsk fêststeld wurde moat, wurdt jimme sawol in Frysktalige as in Nederlânsktalige oardering foarlein. Wy dogge jimme it útstel de "Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear" sa fêst te stellen en de leezjesoardering neffens ús advys oan te passen. ADVYS (RIEDS)KOMMISJE(S) Kommisje AZW giet akkoart mei it útstel OP BESJEN LIZZENDE STIKKEN Wet fan 4 mei 1995 (Taalwet) Modeloardering (Frysk en Nederlânsk) Boargemaster en wethâlders fan 'e gemeente Boarnsterhim, de loko-siktaris, de boargemaster, G.I. Koffeman. Y. Dijkstra. GHVRQAR.FRY/RAAD/2 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 43