GEMEENTE BOARNSTERHIM TALJOCHTING Gearkomste 24 maart 1998 Wurklistnûmer 6 Portefuljehâlder mefrou K. van den Berg-Wiersma Taljochting it kêst by oardering Frysk yn it skriftlik ferkear. Kêst 1. Dit kêst jout definysjes foar begrippen dy't net omskreaun binne yn 'e Algemene wet bestuursrecht. Kêst 2. Yn dit kêst wurdt de wurking fan 'e modeloardering oanjûn. Dêrby binne twa beheinings Yn it foarste plak jildt de oardering allinne foar de gemeente. Der wurde gjin regels steld oangeande de taalkar fan 'e boargers. Yn 'e Algemene wet bestuursrecht binne dêroer wol bepalingsopnommen. It doel fan 'e oardering is lykwols it jaan fan rjochtswissens oan boar gers yn harren kontakten mei bestjoersorganen. It is dêrom wichtich sa goed mooglik te omskriuwen hoe't de gemeente mei it Frysk omgiet. Yn it twadde plak jildt de oardering allinne foar it skriftlik fer kear. It mûnlinge ferkear is in saak fan normale wederkerende tege moetkomendheid", lykas dat ek al neamd waard yn it einrapport fan 'e Kommisje Kingma Boltsjes (1953). Krekt yn it skriftlik ferkear is der in hiel nauwe gearhing tusken rjochten en ferplichtings Dêrom wurdt yn kêst 2:9 fan 'e Algemene wet bestuursrecht oan de yn 'e provinsje Fryslân fêstige bestjoersorganen it foech jûn om regels te jaan foar it gebrûk fan it Frysk yn skriftlike stikken. Kêst 3. It rjocht fan in frije taalkar wurdt beheind troch wetlike bepalings. Dêrûnder moatte ferstean wurde de formeel wetlike bepalings, lykas kêst 2:10 en 2:11 fan de Algemene wet bestuursrecht en kêst 88 fan de Beroepswet Kêst 4. De Algemene wet bestuursrecht jout de mooglikheid fan twataligens en dûbeltaligensTwataligens docht rjocht oan it begjinsel fan gelykwea- rdigens, mar freget wol in bewuste kar yn alle sitewaasjes. GHTLQAR.FRY/RAAD/l

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 44