- 2 - Yn dizze oardering is keazen foar twataligens, om't dat oanslút by it belied fan Boarnsterhim oant no ta op dat mêd. Kêst 5. Utgongspunt fan dizze oardering is it ferbetterjen fan 'e posysje fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear troch it fieren fan in eksplisyt taalbelied. Kêst 6. In oersettingsregeling is wichtich foar de rjochtsbeskerming fan net-Frysktaligen. As der sprake is fan in belanghawwende dan is in oersetting fergees. Yn alle oare gefallen kin de gemeente seis beslu- te al of net in fergoeding foar de oersetting te freegjen. It giet oer oersettings fan stikken dy't net streekrjocht de persoan oangean dy't der om freget. Kêst 7 Dit kêst sprekt foar himsels en jout gjin oanlieding ta op - of oan- merkings GHTLQAR.FRY/RAAD/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 45