GEMEENTE BOARNSTERHIM B E S L T Gearkomste: 24 maart 1998 Nûmer fan 'e wurklist: 6 Portefulj ehâlder Mefrou K. van den Berg-Wiersma De gemeenteried fan Boarnsterhim; hat lezen it ütstel fan boargemaster en wethâlders fan 13 maart 1998; omtinken jaande oan kêst 147 lid 1 fan 'e Gemeentewet; omtinken jaande oan kêst 2:9 lid 1 fan 'e Algemene wet bestuursrecht; B E S L U T om de neikommende oardering oer it brûken fan 'e Fryske taal yn it skriftlik ferkear by de gemeente Boarnsterhim fêst te stellen. Kêst 1: definysjes Yn dizze oardering wurdt ferstien ûnder: dûbeltaligensit tagelyk brûken fan de Nederlânske en de Fryske taal; twataligens: kar foar de Nederlânske of de Fryske taal; bestjoersorganen: gemeenteried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de boargemaster. Kêst 2: berik fan 'e oardering Dizze oardering regelt it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken fan 'e gemeente Boarnsterhim. Kêst 3: rjocht fan taalkar De bestjoersorganen hawwe it rjocht om te kiezen foar it brûken fan 'e Fryske taal, foar safier't dat rjocht net beheind wurdt troch wetlike bepalings. Kêst 4: taalkar De bestjoersorganen kieze foar it begjinsel fan twataligens. MODELOAR.FRY/BS/CB/H0EFG/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 46