- 2 - Kêst 5: kriteria taalkar By de taalkar wurdt yn alle gefallen rekken hélden mei: 1. de taalkriteria sa't dy dellein binne yn kêst 2:10 fan 1 e Algemene wet bestuursrecht; 2. it belang om deselde taal te brûken as dêr't it bestjoersorgaan yn oanskreaun is (folgjend taalbelied); 3. de kontinuïteit fan 'e taalkar; 4. de bestimming fan 'e dokuminten; 5. de konsiderâns fan ôfdieling 2.2 fan 'e Algemene wet bestuursrecht: "groter gewicht toe te kennen aan de beginselen van gelijke behandeling en gelijkwaardigheid van de Friese taal in de provincie Friesland." Kêst 6: oersettingsregeling 1. Is in dokumint yn 'e Fryske taal steld, dan jout it bestjoersorgaan op fersyk in tsjin fergoeding Nederlânske oersetting, mei yn acht nimmen fan wat steld is yn kêst 2:11 Algemene wet bestuursrecht. 2. Foar in oersetting as bedoeld yn it earste lid, wurdt in fergoeding frege. 3. It bedrach fan de fergoeding wurdt berekkene op grûn fan bepalings út 'e leezjes-oardering, mar mei net mear wêze as de kosten. 4. In oersetting as bedoeld yn it earste lid, wurdt fergees jûn as it giet om: a. de notulen fan de gearkomste fan in fertsjinwurdigjend orgaan, en it belang fan de fersiker streekrjocht belutsen is by wat notulearre is, of as yn dy notulen algemien ferbinende foarskriften of beliedsregels fêststeld binne. b. in beslút of oare hanneling wêrby de fersiker belanghawwende is Kêst 7slotbepalings 1. Dizze oardering giet yn op 1 april 1998. 2. Dizze oardering kin oanhelle wurde as "Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear". Grou, 24 maart 1998 De ried boppeneamd, de loko-siktaris, de foarsitter, (C.I. Koffeman) (Y. Dijkstra) M0DEL0ARFRY/B SCBHOEFG2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 47