- 2 - 4. Voorstel tot vaststelling van de "Verordening behandeling bezwaar- en beroepschriften" De hear Roorda seit dat syn fraksje muoite hat mei it útstel. Oant no ta hat de kommisje hiel goed wurke dus wêrom soe dat feroare wurde moatte. Boppedat kostet it in protte jild. Hy freget him óf oft de ûnôfhinkli- kens wol garandearre is troch dat der eksterne leden beneamd wurde sil- le. It hinget foar in grut part óf fan hokfoar kriteria der hantearre wurde sille. In wichtich aspekt is dat de leden dy't lid fan de ried wiene in bemiddeljende rol spylje koene. De kommisje hat goed wurke. Dat wurdt bewezen troch it feit dat der mar ien kear in beslút fan de kom misje ferneatige is. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie in principe accoord gaat met het voorstel. De maatschappelijke tendens is dat er steeds professioneler gewerkt moet worden. De commissie heeft goed gefunctioneerd, alhoewel de raadsleden die in de commissie zaten niet altijd konden komen. Zij gaat er van uit dat bij de sollicitatieprocedure de gevraagde specifieke ach tergronden worden benadrukt. Misschien kunnen de financiële consequen ties worden gedrukt door kwalitatief goede collegebesluiten. De hear De Jager seit dat syn fraksje fynt dat der in ûnôfhinklike kom misje komme moat. It liket him hiel goed dat der spesjalisten oanlutsen wurde. Boarnsterhim is ien fan de leste gemeenten dy't oerstapt op de nije wurkwize. Hy freget oft de werving yn en/as bûten de gemeente plak- fine sil. De hear Postma seit dat syn fraksje akkoart giet mei it útstel. Profes sionaliteit en ûnôfhinklikens steane sintraal yn de nije wurkwize. Yn it riedsútstel hat hy net de dekking fan de kosten fûn. Hokfoar systema- tyk jildt der foar de fakaasjejilden. Wa regelet de beneaming fan de plakferfangend foarsitter? Mefrou Veldstra seit dat ek it kolleezje, krekt as har fraksje, kontint is mei de âlde kommisje. Wêrom moatte dan no ek de leden eksterne saak- kundigen wêze? Op 'e nij wurdt wer in stikje foech by de ried weihelle. Wêrom net in kommisje fan én riedsleden én eksterne saakkundigen? Fi- nansjeel betsjut dit ek in ekstra s£rukturiele útjefte fan f 10.000,00. Der wurdt mei de dekking al foarútrûn op de maitiidsnotaOars wurdt de knip op de ponge hélden en dat soe hjir ek moatte. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje akkoart giet mei it útstel. Dit is ien fan de saken dy' t yn it ferkiezingsprogram foar de kommende perioade stiet. Gelokkich wurdt dy winsk no al ynfold. It is tige wich tich dat de kommisje profesjoneler wurkje kin. Dat betsjut ek in ferhe- ging fan de kwaliteit. Foar riedsleden is ek it dreech om it wurk yn sa'n kommisje by it riedswurk te dwa<an. De foarsitter seit dat út de fakliteratuer en publikaasjes van de VNG bliken docht dat it hyltiten mear ûnferstannich neamd wurdt dat it or gaan dat it beslút nommen hat in oardiel jout oer it beswier as it berop dat yntsjinne is. De ûnôfhinklines fan de kommisje kin nei de boargers ta better garandearre wurde troch dizze nije wurkwize. Dêr leit it motyf om dit útstel oan de ried te dwaan. It tal beswier-en beropskriften sil yn de takomst net ófnimme. It kolleezje sil yn it ferslach meidiele yn hoefolle gefallen it beswier/berop honorearre is. De kommisje sil ynfor- mearre wurde oer de kwaliteitseasken dêr't kandidaten oan foldwaan moat te. Hy seit ek ta dat de bekwaamheid fan de kandidaatleden swier wage sil. Kommisjeleden sille, dat liket him ferstanniger, fan bûten de ge meente oanlutsen wurde. By de maitiidsnota sil de dekking oanjûn wurde. Notl702.doc

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 4