- 3 - De plakferfangend foarsitter sil troch de kommisje oanwezen wurde en it kolleezje beneamt. By langduorjende ôfwêzichheid fan de foarsitter sil it kolleezje dêr graach yn foarsjen. De hear Roorda seit dat hy begryp hat foar de argumintaasje fan it kol leezje. De kommisje krijt it meast fan dwaan mei kolleezjebesluten, sa docht bliken út de praktyk. Dat derin protte beswieren binne leit mear oan de kwaliteit fan de kolleezjebesluten dan oan de kwaliteit fan de leden fan de kommisje. De hear Van den Berg seit dat de kwaliteit ôfmjitten wurde moat oan it tal honorearre beswierskriften. De kwaliteit fan de leden stiet dêr bû- ten. De hear Roorda seit dat der dochs wol maklik strukturiel jild beskikber steld wurdt, wylst der altiten hiel bot praten wurde moat foar jild foar it sosjaal kulturiele wurk. De hear De Jager seit dat syn fraksje ynstimt mei it útstel De hear Postma fynt dat de feroardening oanpast wurde moat yn ferbân mei it beneamen fan in plakferfangend foarsitter. Der sil in oerlisorgaan fan de trije keamers komme moatte foar. Dat moat wol praktysk oppakt wurde. It kolleezje wykt by de takenning fan fakaasjejilden óf fan de sirkulêre fan it ministearje. Oan de oare kant, by de fergoeding foar rieds- en kommisjeleden wurdt wol fêsthâlden oan de noarmen. Hy fynt dat dat noch in kear oan de oarder komme moat yn de kommisje AZW. Mefrou Veldstra tinkt dat riedsleden, fanwegen harren kontakten mei de boargers, saakkundigen binne. Yn de eardere riedsperioaden wiene der me- ar kommisjes en dat wurke altiten hiel goed. Doe wie de kommunikaasje in stik better. Har fraksje bliuwt tsjin it útstel. De hear Van den Berg seit dat men siket om arguminten mar hy hat de yn- druk dat it grutte argumint foar P.v.d.A. en F.N.P. is dat men net in stikje macht ôfstean wol. De foarige ried hat de kommisjes ôfskaft, dat moat wol efkes neamd wurde. De foarsitter seit dat it by dit útstel yn it foarste plak giet om de ûnôfhinklikens en de kwaliteit fan de gemeentlike rjochtspraak en net om it kontakt mei de boargers. Hy hat fan de fraksjes dy't tsjin binne gjin goed argumint heart. It kolleezje wykt, krekt as in protte oare ge meenten, wat de fakaasjejilden oanbelanget, fan de sirkulêre fan de mi nister of omt der in hiel leech bedrach neamd wurdt. By de fergoeding foar riedsleden leit it oars: dêr binne de marzjes fêstlein. As de ried op it punt fan de gemeentlike rjochtspraak it machtswapen hantearret giet it net goed. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel beslo ten. De fractie van de P.v.d.A. en mevrouw Veldstra worden geacht te hebben tegengestemd. 5. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de vervanging van de buitenboordmotor van de boot van de blusgroep Grou. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voor stel besloten. Notl702.doe

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 6