- 5 - ren net dat dit kolleezje noch mar krekt útein setten is. Syn fraksje is bliid mei dizze maitiidsnotysjeHy giet derfan út dat it kolleezje de kommende moannen mei faas je oan de slach gean sil mei de tarieding fan de begrutting 1999. Sadwaande kin de ried yn oktober/novimber in beliedskar meitsje. De finansjele posysje fan ús gemeente is, sa makket de notysje wol dúdlik, noch net sa bést. De fertaling fan de belieds- winsken sil in flinke kreative ynspanning freegje. Achterôf besjoen moat konkludearre wurde dat it foarige kolleezje, seker it léste jier, de finansjele sitewaasje te optimistysk ynskatten hatHy tinkt derby oan it útstel om de OZB mei 2% ekstra te ferleegjen. Yntusken hat bliken dien dat de begrutting foar 1998 oan de krappe kant is sjoen it feit dat der foar de tsjinfallers eins gj in oplossing te finen is en dat de post ûnfoarsjoen al leech wie foardat it nije kolleezje begûn. Syn fraksje fynt it tige wichtich dat der in soarchfâldige ôfwaging plakfynt tusken de beheinde finansjele mooglikheden en saken dy't de kommende tiid útfierd wurde moatte, sa as de Kadernota Sosjaal kultu- riel wurk, ûnderwiis- en sosjaal belied en doarpsfernijing. Miskien is it mooglik de kommende jierren âld foar nij belied yn te wikseljen troch besunigingen yn de hurde sektor. Fanselssprekkend kin it kollee zje net yn ien kear fan de flier op de souder stappe, mar in perspektyf foar de útfiering fan it kolleezjewurkprogramma moat der komme. It is goed de ynwenners tidich by dit proses te belûken troch goede ynfor- maasje te jaan en dúdlik te meitsjen wat de mooglikheden en ûnmooglik- heden binne. Syn fraksje kin ynstimme mei it útstelHy is it wol iens mei Gemeentebelangen dat strukturiele saken eins net dekt wurde moatte út de algemiene reserve wei. De foarsitter seit dat yndied de beliedsmjittige kar noch makke wurde moat. Hy tinkt dat dat yn it neijier safier wêze kin, uterlik by de be- hanneling fan de begrutting 1999. Der is gjin oanlieding de begrutting by te stellen troch ûntwikkelings yn it grûnbedriuw. It liket him wol goed ris oer de fuortgong yn it grûnbedriuw yn de kommisje te praten. De hear Jonkers hie dochs wol wat in somber ferhaalIt is noch nea sa west dat der by de behanneling fan de maitiidsnota noch gjin nije din gen bard wiene. It is op himsels spitich dat der net mear út de' rinnen- de begrutting wei oprêden wurde kin. De begrutting 1998 hat gjin rek mear. Dat makket dat de kar dy't makke wurde moat yn de kommende tiid dreech wêze sil. It kolleezje fynt ek net dat strukturele kosten ynsi- denteel dekt wurde moatte. It giet yn it útstel om in tydlike ûntlûking oan de algemiene reserve. Yn oktober/novimber komt it kolleezje dér op werom. It kolleezje komt net ûnder de streep (it wjerstânsfermogen) fan de algemiene reserve út. It kolleezje wol graach in sûne gemeente mei in hyltiten grutter wurdend wjerstânsfermogen. It kolleezje fynt in ly- kwichtige kar fan it aldergrutste belang. It is no lykwols noch net mooglik ek mar in lytse suggestje fan dy kar te jaan. It kolleezje kiest foar in kompleet, oersichtlik pakket dêr't de ried in kar út meitsje kin. Dat it kolleezje ûnfoldwaande besef hat fan ferantwurdlik heid is perfoarst net wier. By mienskiplike regelingen leit de behears- berheid hiel dreech. By it yndikaasje-orgaan leit it bewiis dat it kol leezje, ek it foarige al, as in bok op de haverkiste sit en dat it li- kegoed net giet. Ek wat de friksjekosten bestjoerlike fernijing oanbe- langet sil it kolleezje der op oanstean dat it jild telâne komt by de gemeenten dy't der oan meidogge. It kolleezje docht betroubere útstel- len. Hy seit ta dat der in oer-sjoch jûn wurde sil fan de bestegingen út ûnfoarsjoen wei. It kolleezje wol, as it efkes kin, noch foar de be- gruttingsbehanneling oer de haadlinen fan belied prate. Hy is it mei mefrou Van den Berg iens dat der in dûk yn de begruttingscyclus kommen is. It oare jier sil de tried wer oppakt wurde. De suggestje om âld be- ried 23 junyl998doc/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 7