- 3 - De hear Zijlstra seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel. Hy is it der mei iens dat der in eigen bydrage frege wurde sil en fynt ek dat der in kalamiteitenfûns komme moat. Hy soe wol graach in oersjoch hawwe wolle fan wat der mei it jild dien is dat in pear jier lyn beskikber steld is foar kalamiteiten yn Grou en Akkrum. Hy freget him óf oft it wol reëel is om de rioelheffing oant 2008 net te ferheegjen. De heer Smittenberg vindt het GRP een prima plan. Hij wijst er op dat het de moeite waard is om na te gaan of op enig moment voor de heffing het zogenaamde Waterspoor (in combinatie met de Waterleiding) mogelijk is. Hij vraagt of het operationeel plan ook door de raad zal moeten wor den vastgesteld. Zijn fractie kan instemmen met een eigen bijdrage. Hij is het niet eens met de vorming van een calamiteitenfonds omdat het rio leringsfonds een voldoende buffer in zich heeft. Wethâlder Oosterhof seit dat de gemeente it BOR-F konvenant ek ünderte- kenje sil. It kalamiteitenfûns kin net fold wurde mei de eigen bydragen omt de eigen bydrage pas fanóf 2002 oan 'e oarder is. Op dat momint kin der ek foarljochting oan de bewenners fan it bûtengebiet jün wurde. Hy tinkt dat it fûns fold wurde kin mei de foardielen by ynskriuwings en oanbestegings fan wurk. De oansluting fan Dearsum wurdt yn 2000 fanút de provinsje wei opstarten. Idaerd hat wat minder prioriteit. Yn 2002 by de behanneling fan it twadde GRP kin de hichte fan de rioelheffing oan *e oarder komme. Ek Waterspoor kin yn 'e takomst noch wolris nei sjoen wur de, it hat no gjin prioriteit. It operasjonele plan sil yn de kommisje behannele wurde. De hear De Jager giet der fanút dat de rioelheffing oant 2008 fêststiet. Foar de minsken yn it bûtengebiet, dy't ynkoarten al ynvestearje moatte is it fan belang dat sy witte fan de plannen foar de takomst. Sadwaande kinne sy harren plannen miskien oanpasse as feroarje. Mefrou Veldstra freget oft it kalamiteitenfûns foldwaande fold wurde kin mei de foardielen by de útfiering fan wurk. Komt dat wol faker foar? De hear Postma is der mei ynnommen dat der in kalamiteitenfûns komt omt der foarsjenbere risiko's binne. Rintefoardiel en foardielen by oanbe stegings kinne brûkt wurde om it kalamiteitenfûns te follen. Mefrou Santema is bliid dat der no einliks wat dien wurde sil oan de oerlêst yn de Suster van der Vegtstrjitte yn Akkrum. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje der gjin beswier hat dat der in brief útgiet nei de bewenners fan it bûtengebiet oer de plannen foar de takomst. It kalamiteitenfûns is net yn de begrutting opnommen, dêrom kin it allinne mar fold wurde mei de foardielen fan oanbestegings ensa- fuorthinne. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel, de discussie daarover inbegrepen, besloten. 5Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de uitvoering van de tweede en derde fase (deels) van de dorpsvernieuwing in Akkrum. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje ynstimme kin mei dit kredyt. Der moatte lykwols wat rânebetingsten by steld wurde. Syn fraksje tinkt dat ditsoarte fan wurken iepenbier oanbestege wurde moatte. Hy tinkt dat it fan grut belang is dat de ried, as it kredyt ien kear beskikber steld is, kontrolearret wat der mei it jild dien wurdt. Hy docht it útstel dat it kolleezje mei in kwartaalrapportaazje oan de ried komt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 4