7- Is it baggerdepot ek foar eigen rekken en risiko? Dan de bestimmingsplan- nen, slagget dat allegear op e tiid? De hear Aukes seit dat syn fraksje it in moai plan fynt, seker technysk besjoen. Mar foar de finansiering jildt dochs in oar ferhaalSjoen it feit dat de bestimmingsplannen noch net ree binne, it tal beswieren dat ynbrocht is en de tiidsdruk foarsjocht hy in protte problemen. De mooglike ôfkeapregelingen beleste in projekt nochris ekstra. Dat komt boppedat foar rekken fan de gemeente en dat betsjut in ekstra risiko. Der is noch gjin ynsjoch yn de gefolgen, ek de finansjele, foar de Nauwe Golle en de direk- te omjouwing dêrfan. It wurk moat oer goed in jier begûn wêze. Dêr hinget ek de subsydzje oan fêst. De subsydzjebetingsten en it subsydzjebedrach binne sawat it swurd fan Damocles boppe dit projekt. Dat jout him in ûn- heimisch" gef oeiDan binne dêr de 5 beweegbere brêgen noch mei nei f er- wachting 30.000 farbewegingen it jier. De ekploitaasje fan dy brêgen is foar ús gemeente. Dat binne wol strukturiele lesten. Kosten foar 5 brêgen 8 ton op j ierbasis en dan kin yn dit gef al ek noch gjin brêgejild frege wurde. Dizze ried sil it plan wol oannimme mar de kommende ried sil oer 4 jier wol de kosten betelje moatte. De foarsitter betanket de ried foar de reaksjes. De wurdearring sil hy trochjaan oan de meiwurkers. De gearwurking mei Ljouwert yn dit Steande- mestprojekt is goed ferrûn. It docht him deugd dat de ried betrouwen hat yn in suksesfolle ôfrin. It kolleezje seit ta befoarderje te sillen dat der mei de eigeners fan de wenarken goede saken dien wurde. Dizze minsken hawwe dêr rjocht op. Der is wiidweidich oerlis oer hoe't de bestimmings plannen yn 1 e oarder makke wurde moatte. De meast reële opsje is dat der ien nij bestimmingsplan foar de hiele rûte makke wurdt. As de besluten oer de Steandemest-rûte fallen binne dan sil der gau in startpetear hâlden wurde oer it realisearjen fan dit bestimmingsplan. Der binne in pear soar- ten risiko's. Alderearst is it grutste risiko de prosesgong. De ôfstimming tusken alle prosessen moat hiel goed wêze. It kolleezje docht syn uterste best dy prosessen hiel goed ferrinne te litten. Dan de finansjele risiko's yn it trajekt, dy sitte yndied yn de oansluting op Grou by de Nauwe Golle en it wiete bedriuwenterreinAs dêr wat mis giet mei de subsydzje fan 2,4 miljoen dan is it risiko foar de gemeente. It kolleezje hat lykwols it ge- foel dat dat dik yn 'e oarder komt. Grutter liket it risiko dat de wente- bou yn Wergea mei him meibringt. De ried is gelokkich hiel dúdlik oer de needsaak fan wentebou. Wergea hat wentebou nedich. It kolleezje set swier yn op dizze wentebou yn de diskusje rûn Sjoch dizze Stêd. Yn it ramt fan it stedsgewest binne ôfspraken makke en tasizzingen dien en dy moatte nei- kommen wurde. Boarnsterhim hat nea earder reservearre foar takomstich ûn- derhâld. Dat jildt ek foar de brêgen. Der sil tri je nije brêgen oanlein wurde yn de Steandemest-rûte. De kapitaalslesten foar dy brêgen binne yn it projekt ófdutsen. De ried moat der rekken mei hâlde dat nei it tsiende jier der in eksploitaasjelest ûntstean sil fan omendeby f 15.000,00 de brêge it jier. It kolleezje tinkt dat de farrûte troch Wergea befarber hilden wurde moat en jout himsels yn it ramt fan de doarpsfernijing de op dracht dêr oan te wurkjen. Yn it kontrakt is opnommen dat de diskusje mei de provinsje oer de oerdrach fan it wetter troch it doarp ein takom jier ófsletten wêze moat. It provinsjaal bestjoer draacht ek in stik finansjele ferantwurdlikheid. De ried krijt de kommende perioade útstellen oer it ferbetterjen fan de farrûte troch Wergea. Foar it fytspaad jildt: now or never" De earste tasizzingen foar subsydzje binne al dien. Boarnsterhim sil aanst it griene ljocht jaan moatte foar dit fytspaad fan Tútsebrêge nei Wergea. De f 630.000,00 is jild dat brûkt wurde sil foar it reali searjen fan it bouterrein yn Wergea en dy kosten sille drûgen wurde moatte troch de eksploitant. It kolleezje fielt der net foar om in soarte fan tuskenrekken yn te stellen sa as troch de fraksje fan it C.D.A. útsteld raadl7ll98.doc/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 8