- 8 - is. It fytspaad nei Warten sit net yn it pakket. It kolleezje sil noch goed besjen wat de konsekwinsjes fan alle feroaringen yn it ferkear binne. Ek sil der yn it ferkearsbeliedsplan omtinken wêze foar it slûpferkear. Der sil besocht wurde it autoferkear troch it Leechlân safolle mooglik te beheinen. De gemeente moat soargje foar it skjinne-baggerdepotIt kollee zje is optimistysk as it om de tiidsfaktor giet, al sil der noch hiel wat barre moatteIn hiel protte fragen moatte ek noch beantwurde wurde troch de útfieringsorganisaasjeIt stribjen is maatwurk te leverjen. It kollee zje seit ta de ried op *e hichte te hâlden fan de fuortgong fan it pro jekt. Der kin beslist op in goede wize in oansluting by de Nauwe Golle nei it wiete bedriuwenterrein ta realisearre wurde. De trochfeart troch de Nauwe Golle is essinsjeel en dêrmei wurdt ek in âlde farferbining her steld. De oansluting by Grou wurdt hielendal betelle út Europeesk jild. Der is wol soarch oer it binnenheljen fan subsydzjes, dat wol it kolleezje net ûntkenne. It kolleezje tinkt net dat de ried oer fjouwer jier bang wê ze hoecht foar de kosten. It soe best sa wêze kinne, dat men dan tige bliid is dat mei sa'n, yn ferhâlding lytse bydrage, sûnder de boargers ekstra te belesten, sa'n grut projekt ta stin kommen is. Wethâlder Oosterhof seit dat der yn desimber in ekstra kommisjegearkomste hilden wurde oer de bestimmingsplannen dy't mei de Steandemest-rûte anneks binne De hear Roorda betanket de foarsitter foar de beantwurdingHy begrypt dat der ien bestimmingsplan foar de hiele rûte makke wurde sil. It giet der om dat dat sa gau mooglik klear wêze moat. It is him net dúdlik hoe't de di- reksje fan it projekt fierd wurde sil. Syn fraksje liket in saakkundige projektlieding de beste oplossing. Hy wol graach periodyk yn de kommisje op 1 e hichte hélden wurde fan de fuortgong fan it totale projekt. Binne der foar de betsjinning fan de brêgen ek al de kosten foar personiel yn de eksploitaasjelesten meinommen? Syn fraksje freget oft de betingst fan gjin brêgejild nei in bepaalde termyn ferfalt. Ek sjoen út it eachpunt fan rjochtsgelikens wei. It is plesierich dat ek de trochgeande rûte troch Wergea hinne omtinken krije sil. Kinne de kosten foar it ynrjochtsjen fan it baggerdepot dekt wurde út it projekt of binne der aparte krediten foar nedich? Hy hat begrepen dat de f 630.000,00 út de eksploitaasje weikomme moat. Sit dit bedrach al yn de 2,5 miljoen gemeentlike bydrage? Syn fraks je fynt dat de dekking foar de f 630.000,00 fûn wurde moat yn it grûnbe- driuw De hear Aukés seit dat syn fraksje net twifelet oan de ynset fan it kol leezje en de stjoergroep. Hy hat lykwols soarch oer de finansjele ûnder- bouwing en de konsekwinsjes dêrfan. In bedrach fan f 15.000,00 foar de eksploitaasje fan in brêge liket him fierstente min. Foar dat bedrach is ek noch gjin dekking. As der mei dit plan ynstimd wurdt moat fuortendaliks konstatearre wurde dat de finansiering noch net rûn is. Syn fraksje kin ynstimme mei de plannen oant de Nauwe Golle ta. Mefrou Santerna fynt it tige posityf dat der mear farwetter komt. De ynkom- sten moatte, sa hat sy begrepen, út Wergea weikomme. Dan liket it wol oft de tiid stilstiet, want it sil in hiele toer wurde jild te krijen út it doarp fan de brêgebidlersSy is der tige mei ynnommen dat it fytspaad nei Wergea ta der no ek komt. De heer Smittenberg bedankt de voorzitter voor de uitvoerige beantwoor ding. Hij vraagt of het woningbouwplan voor Wergea ook in dat ene bestem mingsplan wordt meegenomen. Hij heeft niet zoveel zorgen over de bijdrage die uit het nieuwe woningbouwplan in Wergea moet komen. Hij vraagt naar de gevolgen van het uit het plan knippen van de aansluiting bij de Nauwe Gol- raadl71198.doc/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 9