- 10 - wantrouwen gaat. Hijzelf heeft alle vertrouwen in het college. De foarsitter stelt út ta stimming oer te gean oer de moasje mei de wi- zige tekst. Nei de hâlden stimming docht bliken dat de moasje mei 11 stimmen foar en 4 tsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Van den Berg, De Ja ger, Jonkers en Smittenberg. 5. Utstel ta it nimmen fan in oantal tariedingsbesluten. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje yn earste ynstânsje wat huverich wie oer de loads oan de Molesingel. Wat foar har fraksje wol meispilet yn de ôfwaging is de wurkgelegenheid. Ek fynt sy dat dizze loads net op in bedriuweterrein past. Der sil goed tafersjoch wêze moatte by en it oansjen moat ek rom omtinken hawwe en der soene easken steld wurde moatte oangeande de beplanting. De hear Ziilstra seit dat syn fraksje, nei útlis troch it Wetterskip en it feit dat de boutekening oanpast is, akkoart gean kin mei de bouw fan de loads oan de Molesingel alhoewol it Wetterskip Fryslân syn fraksje der net fan oertsjûgje kind hat fan dat de loads krekt op dat plak boud wurde moat. By hege útsûndering giet syn fraksje akkoart. De heer Smittenberg zegt dat het bouwplan voor de Molesingel niet past in het bestemmingsplan maar bovendien niet in het beleid. Er zijn goede alternatieven beschikbaar. De bedrijfsmatige argumenten hebben hem ook niet overtuigd. Hij is tegen dit voorbereidingsbesluit De heer Jonkers zegt dat zijn fractie voorstander van de bouw van de loods aan de Molesingel. Hij vraagt wel een inspanningsverplichting om naar het WIW-bestand te kijken als het gaat om invulling van de vacatu res Wethâlder Oosterhof seit dat der tasein is de WIW-kaartenbak te brûken. It is net mooglik alle ûntwikkelingen by te hâlden yn it bestimmings- plan. Ek dizze bou-oanfraach wie net foarsjoen. Hy tinkt dat it gebou yn de simmer troch al it grien net bot opfalle sil. Dan wurdt it útstel sûnder persoanlike stimming oannommen. De hear Smittenberg wurdt achte tsjin punt 7 stimd te hawwen. 6Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút Spikerboor te Akkrum. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt neffens it útstel besletten. 7. Utstel ta it fêststellen fan it bestimmingsplan "Uitsluiting geluidso- neringsplichtige inrichtingen en correctieve herziening van diverse be stemmingsplannen" Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt neffens it útstel besletten. 8Utstel oangeande goedkarringsbeslút bestimmingsplan bûtengebiet en it oantekenjen fan berop tsjin ûnderdielen derfan. De hear Ziilstra seit dat it kolleezje wol grutsk wêze mei dat der yn twa jier tiid sa'n wichtich bestimmingsplan as dit fêststeld wurden is. De ferwurking fan de bemerkings fan de provinsje kin syn fraksje grut- tendiels mei ynstimme. Mei it ynstellen fan berop oangeande Weidenaar en Brak kin syn fraksje ynstimme. Syn fraksje fynt lykwols dat de ried raad 26 januari I999.doc/I0

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 13