- 9 - De hear Aukes seit dat syn fraksje ynnommen is mei dit útstelDe kos tenpost foar it boutrajekt is frij heech. Hy jout it kolleezje mei dêr nochris oer te praten mei de adviseurs. Hy freget yn hoefiere de bou planologysk rün is De hear Van der Baan seit dat syn fraksje bliid is mei dit útstel. Ek syn fraksje fynt dat de advyskosten heech binne. Kin der achterôf in spesifikaasje fan dy kosten jûn wurde? De heer Jonkers zegt dat zijn fractie content is met het voorstel. Er is een vrij omvangrijk budget voor de voorbereiding, terwijl nog niet bekend is wat nu precies de bedoeling isWordt er rekening gehouden met alle opties? Welk bouwplan wordt nu in voorbereiding genomen? Wor den er later nog meer kredieten gevraagd? Wethâlder Bijlsma seit dat de rie yn desimber besletten hat ta nijbou foar de OSG. Der wurdt no in kredyt frege fan f 370.000,00 dat ek be doeld is foar de planologyske tarieding. Om 1 augustus 2001 klear te wêzen hie der eins al op 1 maart dit jier begûn wurden moatte mei it planologyske proses. Foarop stiet de nijbou fan de OSG. Ta bepaalde hichte kinne der noch oare plannen taheakke wurde. De heer Smittenberg vraagt hoe de projectorganisatie in elkaar steekt. Er zal over de locatie op korte termijn een beslissing moeten worden genomen, juist vanwege de planologische voorbereiding. Mevrouw Van den Berg vraagt, nu de gemeente bouwheer is, het college de commissie bij de praten over de projectorganisatie en het reeds afge legde traject met daarbij de onderliggende stukken. Wethâlder Bijlsma seit dat it hast seker is dat it om de lokaasje Seal 300 giet. Der komt ynkoarten in planologysk útstel dêroer oan de ried. Hy seit ta de kommisje regelmjittich op 'e hichte te hâlden fan de fuortgong. Hy sil de kommisje ek ynformearje oer de projektorganisaas- je. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 12. Utstel ta it fieren fan ferwar oangeande boaiemfersmoarging yn 'e Baai. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it út- stel besletten. 13. Utstel oangeande algehiele wertaksaasje yn it ramt fan de útfiering fan de "Wet Waardering Onroerende Zaken" De hear Roorda seit dat dit útstel by syn fraksje net direkt entûsjaste réaksjes opropt. De wet lit ús gjin kar, ek ús boargers sille mei dizze wertaksaasje lestichfallen wurde moatte. Dizze wertaksaasje kin in be- hoarlike ynbreuk wêze op de privacy. Hy freget him óf oft it wol nedich is it pân 150 gegevens fêst te lizzen. Minder gegevens leveret ek noch in kostenbesparring op. De hiele wertaksaasje kostet f 1.000.000,00, dat is omrekkene f 100,00 it gebou. In bedrach dat ús ynwenners seis betelje moatte. Syn fraksje fynt dat der yn de takomst in ienfâldiger en goedkeaper metoade brûkt wurde moat, sa as bygelyks de gemeente Box meer docht. Stipet it kolleezje de moasje fan de gemeente Boxmeer? Tige wichtich is ek goede foarljochting yn Op 'e Hichte. Syn fraksje is mei it kolleezje fan miening dat der stribbe wurde moat nei stabilisaasje fan de lestendruk. De totale opbringst fan de OZB moat gelyk bliuwe. By wertaksaasjes yn oare gemeenten hat bliken dien dat de wearde fan wen- ten ten opsichte fan de bedriuwspannen mei 20% stegen is. As dit ek yn ried 23 maart 1999/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 11