- 10 - Boarnsterhim it gefal wêze soe dan is it winsklik ta taryfsdifferen- sjaasje oer te gean. Yn ferbân dêrmei soe hy graach sicht hawwe wolle op de gemiddelde taksaasjewearden fan beide groepen gebouwen by de foa- rige taksaasje. Syn fraksje freget it kolleezje der oer nei te tinken de frij stellingen fan OZB-belesting út te wreidzjen mei bygelyks de ak- kommodaasjes dy't foar de amateursport brûkt wurde Mefrou Santema seit dat der yn de kommisje in goede útlis jûn is oer dizze wertaksaasjeEk har fraksje is foar stabilisearing fan de les ten, oars sein dat de boargers net mear belesting hoege te beteljen. De foarsitter seit dat der gjin eangst wêze hoecht foar in ynbreuk op de privacy. Der is in goede regeling en der sil mear as foldwaande foarljochting yn Op e Hichte jûn wurde. Troch dizze yntensive wer taksaasje wurdt der wol maatwurk levere en dêrtroch kin noch better de ekonomyske wearden fan ûnreplik guod fêststeld wurde. Tsjin de wer taksaasje kin beswier makke wurde. Earst in deeglike fêststelling fan wearden en dan op den doer ta op de Boxmeermetoadedat liket it kol leezje it béste. Fakminsken ferûnderstelle dat de wearde fan it ûnrep- lik guod yn ús gemeente mei 20% omheech gean sil. Dat hâldt dan yn dat it taryf omleech kin. It kolleezje en de ried wolle ommers in stabilis- aasje fan de lestendruk. It kolleezje sil âlde en nije gegevens neistelkoar lizze en dêr ek ferslach fan dwaan yn de kommisje. De ried kin dan op basis fan dy gegevens ta in taryffêststelling komme De hear Roorda seit dat syn fraksje fral it ferskil yn wearde fan be- driuwspannen en wenten goed yn 'e gaten hâlde wol. Oer it frij stel- lingsbelied hat hy noch gjin antwurd krigen. De heer Smittenberg vraagt in hoeverre er een garantie van de juistheid van deze taxatie kan worden gegeven. Bij wie ligt het risico als bij bezwaar van burgers de hertaxatie niet juist blijkt te zijn en wie moet de daaruitvloeiende kosten betalen. De f oarsitter seit dat it no net it momint is te diskus j earj en oer de ferskillen tusken wenten en bedriuwspannenDatselde jildt ek foar it frijstellingbelied. It kolleezje wol dêr net te rejaal yn wêze. Der binne altiten risiko's dat de rjochter ynskeakele wurdt. It betsjut yn elts gefal dat der kritysk sjoen wurde moat nei hokfoar opdracht der ferliend wurdt en de beskriuwing fan de metoades, prosedueres en de kwaliteit fan it wurk. De opname fan gegevens bart op in goede wize en dêr wurdt ek in garânsje fan de oannimmer foar frege. As it niveau fan dy opnimming net goed is, is de oannimmer oanspraaklik Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De foarsitter slút om 22.3 5 oere de gearkomste. Hy betanket de ried foar syn bydrage oan diskusje en beslútfoarmingHy winsket eltsenien wol thús Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan 27 april 1999, de foa/sitter, de siktaris, (R.P. van der Starre) ried 23 maart 1999/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 12