Gemeente BOARNSTERHIM Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 23 maart 1999 om 20.00 yn it riedhûs yn Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder)R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, J.A. van der Baan, A. Bijlsma (wethâlder) A.M. de Jager, B. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethâlder) H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy stelt oan'e oarder: 1. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 26 jannewaris 1999 en 16 febrewaris 1999. Ferslach fan de gearkomste fan 26 jannewaris 1999. Op fersyk fan de hear Zijlstra wurdt op side 10, punt 5 by itjinge hy sein hat taheakke: "alhoewol it Wetterskip Fryslân syn fraksje der net fan oertsjügje kind hat fan dat de loads krekt op dat plak boud wurde moat. By hege útsûndering giet syn fraksje akkoart." It ferslach wurdt dan ynklusyf dizze wiziging fêststeld. Ferslach fan de gearkomste fan 16 febrewaris 1999. It ferslach wurdt net feroare fêststeld. 2. Ynkommen stikken. Nûmer 5 De hear Roorda hopet net dat it de bedoeling is in abonnemint op dit blêd te nimmen. De berjochtjouwing soe dan yn elts gefal wol oars moat- te. It artikel oer de ûnreplikguodbelesting wie nammentlik nochal sug- gestyf De foarsitter seit dat it kolleezje der krekt sa oer tinkt. De skri- uwers binne en bliuwe ferantwurdlik foar wat se skreaunen. It kolleezje wol dy ferantwurdlikheid dêr ek mar lizze litte. Nûmer 11 Mefrou Veldstra wol graach yn de kommisje prate oer de feroaringen dy't út de wizige Wet op de lijkbezorging fuortkomme. De foarsitter seit in wiidweidige behanneling yn de kommisje ta. Nûmer 12 De heer Smittenberg doet de suggestie de subsidieaanvraag door te spe- ried 23 maart 1999/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 3