- 2 - len aan de commissie Vrede en Solidariteit. De foarsitter seit ta dizze suggestje beprate te sillen yn it kollee- zje. Nûmer 13 De foarsitter stelt út ek de brieven fan de ANBO-ôfdielingen Reduzum en Akkrum-Nes ûnder dit nûmer te bringen. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 3. Utstel ta it wizigjen fan de mienskiplike regeling "Regio Noord- Friesland" yn ferbân mei it hanthavenjen fan de miljeutsjinst en it budzjethâlderskip "Besluit Woninggebonden Subsidies" (BWS) De hear Roorda seit dat syn fraksje noch inkelde fragen hat. Wêrom kie- ze de gemeenten yn de regio Noord foar it hanthavenjen fan ien mien skiplike regeling wylst bygelyks de regio de Friese Wouden besletten hat de mienskiplike regeling op te heffen. Kieze we no foar it biste en it foardieligste? Der ûntsteane aanst ferskillende organisaasjefoarmen foar de miljeutsjinst. Is it de bedoeling op langere termyn dochs noch ta ien provinsjale miljeutsjinst te kommen? Wêrom is de pilot oangeande it budzjethâlderskip BWS net trochgien en wat betsjut dat foar de ta- komst? As léste de fraach nei de fisy achter de nije bestjoersstruktuer en de fraach foar hokfoar taken it bestjoer ferantwurdlikheid wêze sil. Syn fraksje hopet dat it oangiet op bestjoeren op ôfstân. Hoe wurdt no it foarsitterskip regele? In beliedsplan soe hy graach yn de kommisje besprekke wolle, krekt as it jierferslach oer 1998. De hear Postma seit dat syn fraksje akkoart gean kin mei it útstel. Sa as bekind is syn fraksje tige kritysk oer mienskiplike regelingen. It nut en de needsaak fan dizze mienskiplike regeling moat wol wer op 'e nij besjoen wurde. Binne der bygelyks alternativen? Alle opsjes moatte dan besjoen wurde op de ferhâlding priis-prestaasjeHy soe dêr graach in kear oer yn de kommisje prate wolle. De heer Smittenberg denkt dat dit voorstel een momentopname is in een proces dat nog lang niet is afgelopen. Hij vraagt naar de betekenis van de afkorting DHV op bladzijde 2 van het voorstel. Hij vraagt het colle ge een vooruitblik op de toekomst te geven als het gaat om de uitvoe ring van de milieutaken, die naar zijn mening ook prima uit huis ge plaatst zouden kunnen worden. Hij denkt dat er een meer bedrijfsmatige zelfstandige organisatie (bijvoorbeeld een stichting of BV) zal moeten komen De foarsitter begjint mei te sizzen dat doe ferline jier de bestjoerli- ke fernijing net trochgie ek de regio Noord him beriede moast op de fraach hoe't it no fierder moat. De regioried fan juny 1998 hat ünder oaren besletten foarearst de regelingen oangeande miljeutsjinst en bud- zjethâlderskip BWS oan te passen. De ferhâlding priis-prestaasje by de miljeutsjinst sjocht der goed út en goede alternativen wiene der net. Foar de takomst moat net útsletten wurde dat der noch fan alles feroa- ret. Der sil mear merkkonform operearre wurde, oerstallige bestjoerlike ballast sil ferdwine en der sil socht wurde nei in noch bettere priis- prestaasjeferhâldingIt is fijn dat der sinjalen binne dat noch mear gemeenten oansluting sykje by dizze mienskiplike regeling. Hy ferwach- tet dat der binnen in jier mear dúdlik wêze sil. Foar BWS giet it noch om in tydlike sitewaasje. Der moat foarearst in advyskommisje bliuwe op grûn fan de Wet mienskiplike regelingen. De bestjoerlike struktuer wurdt tinner en de linen koarter en it bestjoer sil oer de haadsaken gear. De gemeente Ljouwert wurdt net perfoarst foarsitter, de 15 ge- ried 23 maart 1999/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 4