- 4 - kolleezje hat tegearre mei de stichting socht nei in oplossing, sûnder dat it kolleezje op foarhân al in frege bedrach tasizze woe. Om de tagongspriizen sa leech mooglik te hâlden is it kolleezje tagien op 50% plus, nammentlik f 7.500,00. De foarsitter konstatearret dat de fraksje fan it C.D.A. syn útstel hanthavenet om in bydrage fan f 9.000,00 te jaan, te dekken út ünfoar- sjoen. It útstel hat foldwaande stipe om yn stimming te kommen. Nei de persoanlike stimming oer it C.D.A.-útstel docht bliken dat dat útstel mei 14 tsj in 3 stimmen ferwurpen isFoarstimd hawwe de leden Van den Berg, De Jager en Van der Meulen. Dêrnei wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it kolleezje- útstel besletten. 5. Utstel ta gearwurking oangeande it garjen fan smoargens. De heer Smittenberg kan instemmen met het voorstelHij vindt het een goede zaak dat het inzamelen van afval door deze wijze van samenwerken verder geprofessionaliseerd wordt. De hear Postma seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel, omt der sa op in doelmjittige en effisjinte wize gearwurke wurde kin. Hy freget oft der ek in juridyske toets fan de oerienkomst plakfûn hat. Yn in ar tikel fan de oerienkomst stiet dat Smellingerlân him ferplichtet om op syn minst ien kear yn de wike it húshâldlik ôffal op te heljen. Dat is no net sa, no bart it ien kear yn de twa wiken. Oer it GFT-ôffâl wurdt yn dit artikel net sprutsen. De partijen wolle in likens belied fiere. Yn Smellingerlân wurdt it grutte smoargens op ôfrop ien kear yn de wike ophelle, by ús is dat net sa. By it útstel ûntbrekt bylage 2. Hy freget ek noch hoe't de ferdielkaai ta stân komt. Ek mist hy in begrutting fan de kosten. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje ynstimt mei it útstelIt is in goed foarbyld fan effinsjinter wurkjen en kostenbesparring. Hy wol graach dat de klachtenôfhanneling formeel weromkeppele wurdt nei de ried. De hear Zijlstra hopet dat yn de takomst de grize en de griene kontener tagelyk lege wurde. Syn fraksje is bliid mei de gearwurking mei Smel- lingerlân. Yn Smellingerlân is in recyclingbedriuw fan ôffal. Dat soe miskien yn Boarnsterhim ek wol kinneBenammen foar de wurkgelegenheid soe dat in goede saak wêze. Sidelings oan dit útstel freget hy hoe't it probleem fan de hûnestront oppakt wurde sil. De hûnebelesting kin eins wol ôfskaft wurde as der dochs neat oan dien wurdt Mefrou Veldstra seit dat bliken docht dat der in goede gearwurking mei Smellingerlân is. Sy hopet dat it kloppet dat dizze gearwurking gjin personiele gefolgen hat Wethâlder Oosterhof seit dat der yn it konvenant sân ûnderdielen fan ôffalynsammeljen neamd wurde. Boarnsterhim hâldt in grutte stim yn it bepalen fan it belied. Miskien kin de gearwurking noch útwreide wurde mei glês, papier en metaal. De oerienkomst is juridysk toetst. Der sil earst neffens in besteande skema wurke wurde. De mooglikheid bestiet ek dat beide konteners tagelyk oan de dyk setten wurde kin. De gemeente Boarnsterhim kin seis bepale hoe't sy it hawwe wol. Yn it konvenant stiet dat binnen tri je moannen yn it nije jier de ôfrekkening fan it foarige jier plakfine moat. ried 23 maart 1999/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 6