- 5 - Hy seit ta dat it oersjoch fan de klachten weromkeppele wurde sille nei de riedskommisje. Dizze oerienkomst hat gjin personiele gefolgen. It personiel hat in oar geskikt plak fûn yn ús organisaasjeDe bylagen sille noch oan de kommisje útrikt wurde. Mefrou Santema pleitet derfoar it ophelsysteem sa te hâlden as it no is, oars giet it bütengebiet der op achterút. Sy miste de bylagen 2 en 3 by de oerienkomst. In recyclingbedriuw is moai, mar der moat ek net fergetten wurde dat rommelmerken in protte jild opsmite foar it ferie- ningslibben yn de doarpen. De hear Postma seit dat yn de oerienkomst stiet dat it húshâldlik ôffal ien kear wyks ophelle wurde sil, op it skema fan de óffalkalinderAs it krekt sa as no bart hat dat konsekwinsjes foar de kostenferdielkaai De hear Van der Meulen seit dat by de begruttingsbehanneling in pear partijen de hûnebelesting ôfskaffe woene. De fraksje fan de P.v.d.A. wol no ek dy kant út, dat is moai. It kolleezje sil dit fêst wol mei- nimme by de begrutting. De hear Zijlstra seit dat hy tinkt dat minsken dy't hûnebelesting be tel je der rjocht op hawwe dat der wat mei dat jild dien wurdt oan it hûnestrontprobleemHy freget oan it kolleezje ris te besjen hoe't dit probleem oplost wurde kin. In recyclingbedriuw soe goed wêze foar de wurkgelegenheid Wethâlder Oosterhof seit dat it ophelsysteem foarearst gelyk bliuwt. As de grize konteners allegearre útrikt binne, rûn 1 july, sil dochs earst in skoftke wurke wurde moatte yn de nije sitewaasje, foardat it systeem feroare wurdt. De foarsitter seit ta dat der nochris sjoen wurde sil nei de frekwinsje fan opheljen sa as dat troch de hear Postma nei foaren brocht is. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 6. Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar it oanskaffen fan grize konteners foar it garjen fan smoargens. Mefrou Santema seit dat der jûn in histoarysk beslút nommen wurdt. De jiskepûde wurdt ynruile foar de grize kontener. Sy freget wa't eigener fan de grize kontener is Mefrou Veldstra seit dat har fraksje fynt dat goede foarljochting op syn plak is. Der sil dúdlik makke wurde moatte wat der al en wat der net yn de kontener mei. In registraasjesysteem mei bygelyks in giele en reade kaart soe neffens har hiel goed wurkje. Posityf is dat de konte ners ek brûkber binne foar it Diftarsysteem. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje him ôffreget hoe't de konteners in goed plak krije kinne yn strjitten dêr't eins gjin plak is, sa as bygelyks de Paviljoenstraat. Is it kolleezje ree om in oplossing te sykjen yn oerlis mei de bewenners om it strjitbyld net te bedjerren troch al dy konteners. De hear Van der Meulen seit dat dit beslút eins al folie earder nommen moatten wurde hie. Foar it personiel betsjut dit in hiele ferbettering Oanslutend by de hear Zijlstra tinkt hy dat in grutte kontener dy't troch mear minsken brûkt wurde kin miskien in oplossing wêze sil. Is it ek mooglik dat der lytsere konteners, saneamde duobakken komme? ried 23 maart 1999/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 7