- 6 - De heer Smittenberg vraagt of aanschaf van meerdere formaten containers denkbaar is. Hij vraagt aandacht voor de handhaving van het juiste ge bruik van de containers en het op het juiste tijdstip aan de weg plaat sen. Wethâlder Oosterhof is wiis mei de wurden fan de ried. Net allinne út ARBO-oerwagings mar ek út hygiënysk eachpunt besjoen is de oanskaf fan grize konteners in goede saak. De kontener bliuwt eigendom fan de ge meente. Yn Op 1 e Hichte sil alle ynforraaasje oan de boargers trochjûn wurde. Der wurdt, yn gearwurking mei Smellingerlân en de bewenners, socht nei in goede oplossing as der romtegebrek is. It kolleezje wol noch net direkt mei giele en reade kaarten wapperje. De konteners sille troch de bewenners seis skjinmakke wurde moatte. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 7. Utstel ta it nimmen fan in oantal tariedingsbesluten. Mefrou Veldstra seit dat der beswieren fan de omwenners binne oangeande de mêst oan de Snitserdyk. Yn de kommisje is tasein dat de oanbelang- jenden de gegevens oer de mêst krije soene. Is dat bard? De gearfetting fan it ferslach lei net by de stikken. Har fraksje freget oft de mêst net by as yn de mêst fan Jirnsum setten wurde kin. De hear Van der Meulen seit dat hy, omt de gemeente gjin ynformaasje jaan koe oan de omwenners, seis ynformaasje opfrege hat. Hy fynt it spitich dat de ynwenners net by de gemeente terjochte koene foar dizze wichtige ynformaasje. It ynformaasjemateriaal dat hy krigen hat wol hy wol trochspylje oan de gemeente. Wethâlder Oosterhof seit dat der gjin beswierskriften tsjin de bou yn- kommen binne. It is net mooglik de GSM-mêst yn dy fan Jirnsum te pleat- sen. De hear Van der Meulen seit dat der hyltiten mear mêsten komme. Dêrom is ynformaasje dêroer, dy't ek op de baly fan it gemeentehûs leit, tige wichtich. Ek sil der in belied komme moatte wer al en wer net in mêst komme kin. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje útstelt punt 3 werom te nimmen. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje it punt net weromnimme wol. Hy seit ta alle beskikbere ynformaasje oan de kommisjeleden ta te stjoeren. De foarsitter seit ta dat der oer de eigenlike boufergunning yn de kom misje praten wurde sil. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 8. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút foar it gebiet Akkrum-kom. De heer Smittenberg zegt dat, als het voorbereidingsbesluit genomen is, de raad niet meer betrokken wordt bij bouwaanvragenHij stelt voor dat de raad, net als destijds bij het bestemmingsplan buitengebied, in ken nis wordt gesteld van de "grotere" bouwvergunningen. Wethouder Bouma zegt dat de commissie op de hoogte zal worden gesteld van de "grotere" bouwvergunningen. ried 23 maart 1999/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 8