- 3 -
Nûmer 19:
De hear Zijlstra_ seit dat by dit skriuwen ek de wetterskipslesten be-
lutsen wurde soene moatte.
De foarsitter seit dat der besocht wurdt de saken sa ienfâldich mooglik
te meitsjen. As der mear service bean wurde kin sil dat ek barre.
Dan wurdt, ynachtnommen de tasizzings fan it kolleezje, neffens it út-
stel besletten.
Utstel ta wiziging fan it reglemint fan oarder fan 'e gemeeneried en ta
beneaming fan leden yn kommiejes en ütstel ta ûndersyk fan betrouwens-
brieven fan de leden fan riedskommisjes.
Mefrou Veldstra seit dat der by it fêststellen fan it kolleezjeprogram
al regele is dat de kommisjegearkomsten op twa jûnen hâlden wurde sille
en net op fjouwer jünen. Har fraksje is fan betinken dat riedsleden ek
lid fan de riedskommisjes wêze moatte en dat de ferfanging regele wurde
moat troch it ynskeakeljen fan in kollega-riedslid. Is soks net mooglik
dan soene ek net riedsleden plakferfanger wêze kinne. Fiif fan de seis
partijen regelje de ferfanging no troch net-riedsleden. Keazen riedsle
den hawwe in eed as ûnthjit ôflein. Net-riedsleden beneame giet foarby
°an de kiezers. Ferfanging yn de ried is dochs ek net mooglik. As jo as
riedslid net mear yn in kommisje sitte wolle soene jo jo ôffreegje
moatte oft it noch wol doel hat om riedslid te wêzen. Hat it eins wol
sin de betrouwensbrieven fan net-riedsleden te ûndersykjen omt de kom
misje der is foar ynformaasje en advys en net foar besluten. Aanst bin-
ne der acht net riedsleden dy't in kommisjegearkomste bywenje kinne.
De hear Postma seit dat der by lil in twatal leden fan Gemeentebelangen
ûntbrekke: Mefrou Troost as ferfanger foar de kommisje WOC en de hear
Boringa as ferfanger yn de kommisje ROWM. Syn fraksje kin ynstimme mei
it kolleezje-útstelHokfoar fergoeding hantearret it kolleezje yn dit
gefal?
De hear Roorda seit dat syn fraksje yn de kommisje net folie fan him
hearre litten hat. Syn fraksje hat wol begryp mar sjocht ek tükelteam-
men. Mefrou Veldstra hat dy al hiel goed ferwurde mar hy wol dochs noch
in pear oanfollingrs jaan. It fersyk fan it CDA liket syn fraksje gjin
probleem op te smiten. Mar it fersyk fan D66 hat syn fraksje wol be
swier tsjin. It giet dêryn om trije nije minsken. It fersyk fan D6S li
ket wol in bedutsen útwreiding fan de ienpersoans-fraksje, wylst D66
dêr gjin rjocht op hat. De útslach fan de ferkiezings soe in wat
beskiedener opstelling fan D66 ta gefolch hawwe moatte. It liket syn
fraksje-better te kiezen foar saneamde "waarnimmers" as "boargerleden"
Dy minsken kinne gewoan meiprate mar hawwe dan gjin formele status. De
hear Smittenberg soe dan lid wêze fan alle fjouwer kommisjes en D66 soe
dan mei ien as maksimaal twa waarnimmers komme kinne. Yn omlizzende ge
meenten is men hiel weromhâldend. mei it beneamen fan net-riedsleden yn
riedskommisjes, benammen yn de kommisje Algemiene Saken. Syn fraksje
hat begrepen dat in ündersyk fan betrouwensbrieven fan net-riedsleden
yn striid is mei de Kieswet en it nije Boargerlik Wetboek. Syn fraksje
stelt út it útstel werom te nimmen en de suggestjes fan F.N.P. en syn
fraksje te ferwurdzjen yn it nije útstel. Mei de wiziging oangeande it
C.D.A. kin syn fraksje wol ynstimme.
De foarsitter seit dat der opmerkingen makke wurde oer it stelsel fan
besetting fan riedskommisjes dat de ried seis fiif jier lyn fêststeld
hat. Der is doe net regele dat de betrouwensbrieven ûndersocht wurde
moatte soene. It kolleezje fynt dat lykwols wol ferstannich omt ek in
kommisjelid yn oanrekking komt mei betroulike ynformaasje. Der sil nei
in jier in evaluaasje plakfine. Dan soe de ried bes jen moatte oft it
ried 27 april/3