- 5 -
ûndersocht wurde fan minsken dy't neffens de regels fan de Kieswet kea-
zen binne. Oanfoljende ynformaasje wol hy wol oan it kolleezje jaan. Is
der by de tarieding fan dit útstel ek advys ynwûn fan de V.N.G.? Syn
fraksje is derfoar dat yn kommisjes allinne riedsleden sitte en dat der
ferfangers/waarnimmers oanwezen wurde. Dy plakferfangers meie dan wol
meardere kommisjes bywenje. Neffens him hat de V.N.G. ek ôfret dat net-
riedsleden lid binne fan de kommisje Algemiene Saken. Hy stelt út dat
de ried him beriedt op it kolleezje-útstel en dat der yn de kommisje
nochris oer dit útstel praten wurde sil. It fersyk fan it C.D.A. is
gjin probleem, foar D66 leit dat oars. Syn fraksje soe yn earste yn-
stansje de hear Smittenberg yn beide kommisjes beneame wolle.
De foarsitter seit dat der fêst regleminten fan oarder binne dêr't fol
ie mear dingen yn regele binne dan dy fan Boarnsterhim. It reglemint
fan oarder fan Boarnsterhim blinkt út yn ienfâldigensDe ried hat dat
seis wollen. De ried hat ek wollen dat ek net-riedsleden kommisjewurk
dwaan kinne. As de fragen dy't der steld binne it doel hawwe dat der yn
it plak fan de hear Smittenberg net oaren yn de kommisjes meie soene
dan soe dat net goed wêze. It kolleezje wol bes jen oft de regeling ek
noch steviger wêze moat dan no it gefal is. Dat stiet lykwols los fan
it fersyk fan de fraksje fan D66.
De heer Smittenberg kan zich niet herinneren dat toen vorig jaar de
heer Van den Berg als lid werd voorgedragen van de commissie Algemene
Zaken er ook maar iemand is geweest die daar problemen mee had. Alle
vervangers werden, zoals trouwens gebruikelijk is, zonder discussie
aanvaard. Het is immers de eigen verantwoordelijkheid van de fracties
op welke wijze zij invulling geven aan de mogelijkheden die het regle
ment en de wet bieden. Zijn verzoek blijft gehandhaafd. Als andere
fracties menen dat hij zijn verantwoordelijkheid als raadslid niet goed
neemt, dan vindt hij dat een buitengewoon kwalijke zaak.
De foarsitter stelt út ta stimming oer te gean. Der sil earst stimd
wurde oer ûnderdiel I fan it útstel.
Nei de stimming docht bliken dat dit utstel mei 12 stimmen foar en 5
dêrtsjin oannommen is. Tsjin hawwe stimd de leden Roorda, Veldstra,
Zijlstra, Wegman en Van der Baan.
Dan ûnderdiel II.
Wethâlder Oosterhof is der tsjin dat in plakferfanger, dy't net de eed
of it ûnthjit ôflein hat yn in fertroulike kommisje meipraat.
De foarsitter seit dat it reglemint gjin útspraak docht oer it wurk fan
de plakferfangers. As de ried wol dat as der fertroulike saken oan'e
oarder binne allinne leden fan de kommisje dêrby wêze meie Han v-in dat
oan 'e oarder wêze omt it reglemint dêr neat oer seit. Hy hat lykwols
begrepen dat de ried dêryn syn eigen ferantwurdlikheid nimt sünder dat
dat yn it reglemint regele wurde moat.
Nei de stimming wurdt der neffens it kolleezje-útstel, ûnderdiel II be-
sletten. De leden Roorda, Veldstra, Van der Baan, Wegman, Zijlstra,
Santema en Aukes lizze in stimferklearring óf. Sy geane, nei de ta-
sizzings fan wethâlder Oosterhof en de hear Smittenberg dat fertroulike
gearkomsten safolle mooglik troch de leden, dy't riedslid binne bywenne
wurde sille, akkoart mei it útstel.
ried 27 april/s