10 Wethâlder Bijlsma seit dat der in yntegraal akkommodaasjebelied ûntwikkele wurde sil. Alle soarten fan akkommodaasjessa as doarpshuzen, sportterrei nen, boarterstunen, skoallen, jeugdhonken ensafuorthinne sille dêr yn behelle wurde. Der binne no oanfragen ta in bedrach fan fiif ton dien. De besteging fan de earste f 90.000,00 út de doarpenpot wei is oanjûn yn de antwurdnota by de begrutting 1999. Der is dus noch f 100.000,00 bestimd foar knyppunten by akkommodaasjesUtstellen dêroer sille yn ien kear oan de ried foarlein wur de. Der sil besocht wurde in konstistint akkommodaasjebelied te fieren. Ut stellen oangeande muzykskoalle en it plak fan de bibleteek kinne yn july nei de ried ta. De renovaasje fan it swimbad "De Twine" binne rûsd op f 700.000,00. It kolleezje stekt yn op it behâlden fan ien iepenbiere swimge- legenheid yn Boarnsterhim. Dêrom kin it kolleezje de moasje mei ûnderskriuwe Der sil earst evaluearre wurde foardat der in strukturele ynfolling fan de jongereinwurker komme kin en der in belied makke wurde kin. De rinte fan de fiif miljoen sil foar alle fjouwer spearpunten fan belied brûkt wurde. De maitiidsnota is yndied in beliedsynstrumintDe nota hâldt in yntensivearing fan belied yn. Der sil de kommende tiid wurke wurde oan in algemiene subsyd- zjeferoardering. De húsfesting fan it ûnderwiis is op dit momint net oan 'e oarder. Earst wie de húsfesting fan de OSG oan bar. De kommende jierren sil der mear barre en dat wurdt dúdlik yn it nije mearjierrenynvestearingsplan foar de húsfesting fan it ünderwiis Wethâlder Oosterhof seit dat der dochs wol in bytsje algemiene skôgings hâl- den binne alhoewol't dat net de bedoeling wie. Der moatte noch hiel wat pun ten oan 'e oarder komme. Dêrom is it moai dat der in nij yntegraal belied makke wurde kin mei alle fjouwer spearpunten fan belied dêryn. Der wurdt hurd wurke oan it ferkearsbeliedsplan. It rapport fan de studinten fan de hege- skoalle is bysteld troch it buro Oranjewoud. Ynkoarten kin it yn de kommisje behannele wurde. Gelokkich hat ús gemeente in goed wegennet as risseltaat fan alle ynspannings fan de léste jierren. Ek oan de aktualisearing fan de be- stimmingsplannen wurdt hurd wurke. Aanst is der foar Akkrum ien bestimmings- plan wylst der earder tsien wiene. Aktualisearing wurdt somtiden wat opkeard troch alle nije bestimmingsplannen dy't der tuskentroch komme. Miljeu bliuwt in wichtich beliedsterrein, ek sjoen de ferplichtings dy't der binne út de VOGM-regeling wei. It kolleezje is it net mei de opmerkings fan de V.V.D.- fraksje om ekstra jild út te lûken foar it swimbad. Wethâlder Bouma seit dat it kolleezje tinkt in goed finansjeel útstel op ta fel lein te hawwen. Wat de havenmaster oanbelanget is sy it iens mei de hear Smittenberg. Foar it goed útfieren fan dy taak binne der twa minsken nedich en sil der strukturiel mear jild foar útlutsen wurde moatte. By de begrutting foar 2000 sil alles goed op rychje setten wurde foar de takomst, ek wat de lisplakjilden oanbelanget. Op 'e Hichte is in goed blêd en it foldocht tige. Miskien kin der de kommende moannen wat foarsichtiger mei de beskikbere romte omgien wurde. Ek soe der in enkête hâlden wurde kinne ûnder de ynwenners foar de evaluaasje dy't der komt. Utwreiding fan wetterareaal komt der oan. By de werynrjochting fan de Suderburd sil der mear wetter komme. De foarsitter seit dat der nei syn smaak it mienskiplike doel fan de ried steviger delsetten wurde moat. Hy sjocht dêr gelokkich wol kânsen ta. Ut- gongspunt foar it kolleezje is de behertiging fan de belangen fan alle ynwen ners fan Boarnsterhim. It kolleezje brûkt dêrfoar it kolleezjewurkprogramma. It kolleezje riedt de útstellen oan de ried ta en wol dêrby seker harkje nei de arguminten fan de ried. It earste jier fan dit kolleezje wie der sprake fan in gewenningssitewaasje en dêrby wie hieltiten de relaasje mei de achter ban ûnderwurp fan petear.lt kolleezje wol mei de ried sykje nei de mearder- heid om sa goede dingen dwaan te kinnen en hy wol dêrby kompromissen slute yn it belang fan de ynwenners. Sa moat it kolleezje it wersjoene útstel fan it kolleezje dan ek besjen. ried 25 maaie 1999/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 11