11 It kolleezje is hoopfol oer de finansjele sitewaasje, mar der moatte net te grutte stappen setten wurde. It kolleezje set alle enerzjy yn om de middelen dy't der binne goed te brûken. Der sil hoeden manouvrearre wurden op grûn fan it kolleezjewurkprogramma. Hy docht in appèl op de ried om der tegearre út te kommen. De bestjoerlike kohesy sil dêrfoar grutter wurde moatte en kompromis- sen sille der sluten wurde moatte. Polarisearre ferhâldings liede net ta dit doel fan ienriedigensBetrouwen oer en wer is dêrfoar de basis en iepenheid is dêrfoar in betingst. Hy fynt it spitich dat Gemeentebelangen 2000 en V.V.D. mei twa moasjes kommen binne. Miskien kin in gemeentlike rekkenkeamer gearstald út leden fan de ried fertuten dwaan. Hy tinkt dat ried en kolleezje itselde wolle as it om de gemeentlike húshâlding giet. Yn de sitewaasje dat de boargemaster ek portefúljehâlder is is it dreger om de rol fan brêgebouwer te ferfuilen. Yn it kolleezje sil der oer praten wurde hoe't tefoaren kommen wurde kin dat dy dûbele rol negative gefolgen hat. Miskien moat de ried dêr oer meiprate. Miskien kin Op 'e Hichte de kommende tiid wol wat soberder. Foar fierdere stappen wol hy lykwols de evaluaasje yn septimber/oktober ôf- wachtsje. Ek De Mid-Frieslander kin dan yn de ôfwaging behelle wurde. Yn de evaluaasje kin ek it foarljochtingsplan in plak krije. It kolleezje kin him bést fine yn de opmerkings dat de hûnebelesting eins omboud wurde moat ta in doelbelesting De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 15.25 oere foar oerlis Hy weriepenet de gearkomste om 15.40 oere. De hear Roorda betanket de leden fan it kolleezje foar de beantwurdingWat it akkommodaasjebelied oanbelanget sitte syn fraksje en it kolleezje op ien line. It giet dan om in yntegraal, konstitint belied. Dat it kolleezje de moasje oer it swimbad oernimt fynt hy moai. De réaksje oangeande de havenmas- ter hat syn fraksje wurdearring foar. No ynset fan insidenteel f 35.000,00 en oan de ein fan it jier by de begrutting in strukturiele oplossing. In part fan syn fraksje kin ynstimme mei it útstel oer Op 'e Hichte, in oar part net. De oprop fan de foarsitter ta ienriedigens is hy it folslein mei iensIn wurkkonferinsje fan de ried kin nei syn betinken in bydrage lever je ta in bettere kohesy. It léste jier fan de foarige perioade siet D6S ek yn it kol leezje. Dat kolleezje kaam mar net fierder mei de útfiering fan de Kadernota Sociaal Kulturiel Wurk. Dat de hear Smittenberg dan no krokodilletriennen gûlt oer de muzykskoalle is nuveraardich. Oangeande de moasjes fan Gemeente belangen 2000 en V.V.D. makket hy de folgjende opmerkings. It ynhieren fan in accountant giet syn fraksje te fier. Wol it kolleezje in rekkenkeamer ynstel- le? Yn moasje 3 wol hy graach it wurd "confronteren" feroarje yn "informe ren" De heer Jonkers zegt dat de indieners daarmee akkoord gaan. Mefrou Santerna seit dat Boarnsterhim in gemeente is mei moaie betondiken en moaie bermen. Der wurdt sa let mooglik meand dat sadwaande elts dêr fan ge- nietsje kin. De maitiidsnota is der om te siedsjen, krekt sa't dat mei de blommen yn de bermen bart. Alles wat yn de kommisje sein is hoecht net oerei- de te wurden. Oan de moasje fan jannewaris net foldwaande útfiering jûn.. It is foar har fraksje net foldwaande om no allinne mar in moasje oer it swimbad oan te nimmen. De P.v.d.A. hat yn it iepenbier oanjûn dat Boarnsterhim noch mar tsien jier te gean hat. De klompe bruts har. Om no al in enkête oer Op 'e Hichte te hilden en in evaluaasje giet har fierstente te fier en sy kin ek net ynstimme mei f 3 5.000,00 ekstra. Moasje 1 sil har fraksje net stypje omt dy net fier genôch giet. ried 25 maaie 1999/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 12