14 Foarútsjen is nedich en it betsjut dat net altiten de maklikste wei keazen wurde kin. Ek it leed moat dield wurde, sa as de nije kommissaris koartlyn sein hatIt kolleezje wol in evaluaasje yn september/oktober oer Op 'e Hichte. Alle opsjes sille dêrby yn byld komme. It kolleezje seit ta dat der sunich omgien wurde sil mei Op 'e Hichte. Trochgean op de wize sa as dat no bart sil mear kostje dan foarsjoen. Foar de hûnebelesting sil it doel/it produkt better sichtber makke wurde. De twa kear f 35.000,00 foar havenmas- ter en Op 'e Hichte sille earst út ûnfoarsjoen betelle wurde. As ûnfoar- sjoen wer oanfold wurde kin mei "ûnderskridingen" sil dat barre. 6% rin- tetarekkening is, sa tinkt it kolleezje in reëel rintepersintageBy de be- grutting sit in risikoparagraafnet by de maitiidsnota. Yn de kommisje sil it kolleezje komme mei in proseduere-útstel foar behanneling fan de maiti idsnota. Moasje 1 wurdt troch it kolleezje oernommen. It kolleezje sil ta- kom hjerst mei in útstel foar in rekkenkeamer komme. Yn de hjerst komt der in tuskentiidse hjerstnota. Mei dizze útstellen komt it kolleezje temjitte oan wat de yntsjinners bedoeld hawwe. Der is yn de advertinsjes bedoeld dat nije wurknimmers mûnich en in tikkeltsje eigensinnich wêze moatte. De foarsitter slút op fersyk fan de heer Jonkers om 17.2 0 oere de gearkomste tydlik foar oerlis. Hy weriepenet de gearkomste om 17.25 oere. De heer Jonkers zegt dat de fracties van Gemeentebelangen 2000 en V.V.D. motie 2 intrekken na de toezegging van het college. Motie 3 wordt niet in getrokken tenzij de toezegging er komt dat er vóór de zomer een overzicht is van de gegunde aanbestedingen van projecten in 1998 en 1999, de beschik baar gestelde kredieten met de mogelijke over- en onderschrijdingen, met daarbij een voorstel wat er met de overblijvende middelen wordt gedaan. De foarsitter seit dat dy sifers ridlik gau, dat wol sizze foar de simmer op papier setten wurde kinne. In breder ynsjoch sil yn in útstel oan de ried foarlein wurde yn de hjerst. De heer Jonkers zegt dat de fracties na deze toezegging motie 3 intrekt. De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. Moasje 1 is oernommen troch it kolleezje. De leden Van den Berg, De Jager en Van der Meulen wurde achte tsjin de moasje stimd te hawwen omt dy nei harren betinken oerstallich is. De leden Aukes en Santema wurde achte tsjin de moasje stimd te hawwen op ynhâldlike grûn. De foarsitter stelt fêst dat de ried, mei 5 stimmen dêrtsjin de moasje oan- nimt Underdiel 1 fan it útstel wurdt sûnder persoanlike stimming ta besletten. Foar ûnderdiel 2 jildt dat dêr sûnder persoanlike stimming ta besletten wurdt. De fraksjes fan it C.D.A. en D66 wurde achte tsjinstimd te hawwen omt de fjouwer miljoen nedich wêze kin foar yntensivearing fan besteand be- lied, ek yn de eksploitaasje Der wurdt sûnder persoanlike stimming neffens it útstel ûnderdiel 3 beslet ten. De leden Aukes, Santema, Jonkers en Postma wurde achte tsjinstimd te hawwen Der wurdt sûnder persoanlike stimming neffens it útstel, ûnderdiel 4 be sletten. ried 25 maaie 1999/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 15