15 Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel, ûnderdiel 5 besletten. As gefolch fan eardere besluten wurde de fraksjes fan C.D.A. en D65 achte tsjinstimd te hawwen. Dan wurdt der persoanlik stimd oer it útstel, ûnderdiel 6. Nei de stimming docht bliken dat it part dat giet oer kommunikaas- je/foarljochting mei 8 stimmen dêrfoar en 9 stimmen dêrtsjin net oannommen wurdt. Foarstimd hawwe de leden Van den Berg, De Jager, Van der Meulen, Wegman, Zijlstra, Bouma, Oosterhof en Bijlsma. De foarsitter stelt fêst dat dit útstel net oannommen is. Dit betsjut dat Op 'e Hichte ta de meast sobere útfiering weromgiet Nei de stimming docht bliken dat it part dat giet oer de eksploitaasje fan de haven yn Grou mei 13 stimmen foar en 4 dêrtsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Santema, Aukes, Veldstra en Van der Baan. De rest fan dit útstel wurdt sûnder persoanlike stimming ta besletten. De hear Postma ferlit de gearkomste. 6. Utstel oer ûntwikkelings fan ferskate lokaasjes yn Grou. De heer De Jong zegt dat zijn fractie kan instemmen met het voorstel. Hij vraagt of de ontwikkelingen rond de basisscholen in het onderzoek meegeno men kunnen worden evenals de splitsing van de bibliotheek in twee locaties bij de OSG en de openbare basisscholen. De hear Aukes freget oft de opdrachten dy't yn it útstel neamd binne binnen de f 38.000,00 falie. De hear De Jager seit dat syn fraksje yn de kommisje in foarbehâld makke hat. Dit is it safolste rapport dat makke wurdt. Hooplik kin dit rapport liede ta in ferheldering fan stânpunten en in dúdlik beslút. Syn fraksje hopet dat mei dizze ynvestearing de ein berikt is fan langduorjend oerlis. Hy hat der muoite mei dat guon saken al hiel lang op in beslút wachtsje omt alles wat lang duorret in soad jild kostet en dat lied ta behoarlike frustraasjesTink mar oan de werynrjochting fan de Stasjonswei. De hear Van der Meulen ferlit de gearkomste. Wethâlder Bouma kin de fraach fan de hear Aukes befêstigjend beantwurdzje. De suggestjes dy't de hear De Jong docht sille meinommen wurde. It foarbe- hâld fan de fraksje fan it C.D.A. is har bekind. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 7. Utstel ta it fêststellen fan it ûntwerp beeldplan foar Meinga 2. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 8. Utstel ta it besteegjen fan subsydzjes dy't oan de gemeente ferliend wurde yn it ramt fan it "Startprogramma Duurzaam Veilig Verkeer" De hear Aukes freget oft de foarsjenningen yn ús gemeente ek earst út dit jild betelle wurde kinne. It oerbliuwende jild kin dan nei it ROF. Mevrouw Van den Berg zegt dat het vreemd is dat als er binnen de organisa tie formatie is voor het verkeersveiligheidsbeleid, dit geld jaar in jaar uit de subsidie wordt betaald. Zij vraagt het college in de commissie op dit voorstel terug te komen. ried 25 maaie 1999/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 16