17 Wethâlder Oosterhof seit dat it beslút dúdlik is oer it fasearre brûken fan it jild. Der wurdt no noch mar in kredyt fan f 120.000,00 fregeOm alles planologysk rûn te krijen is in hiel drege saak. Mevrouw Van den Berg zegt dat in het voorstel wel over 4 ton wordt gepraat. Het is dus voor de gemeente een reëel risico om dit fietspad te realiseren en het zelf te moeten betalen. Mefrou Santema seit dat der al hiel lang oer dit fytspaad praten wurdt. Wat wol, dy kin, dat jildt ek foar dit fytspaad dat wichtich is foar hiel Boarnsterhim Mefrou Veldstra seit dat har fraksje ek hiel benijd is oft it fytspaad hel- ber is. Alles draait om de fraach oft Boarnsterhim de grûn yn hannen krijt om it fytpsaad oan te lizzen. Wethâlder Oosterhof seit dat de oanbou oan de brêge troch Boarnsterhim be- telle wurde moat. As it bestek foar de oanbou der leit sil dat nei de ried tastjoerd wurde. De measte grûn foar it fytspaad kin fûn wurde op de pol derkade fan Wetterskip Marne-MiddelseeDer binne allinne knyppunten by Domwier en Grou. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 10. Utstel ta it fêststellen fan de "Talscommunicatieverordening Boarnster him" Sünder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel beslet ten. 11. Utstel ta it beneamen fan in fertsjintwurdiger yn it oerlisorgaan Nasjonaal Park Alde Feanen. De hear Roorda seit dat syn fraksje dit útstel stipet. Hy hopet dat alles dien wurde sil om it besikerssintrum yn Boarnsterhim binnen te heljen. Dan wurdt der sünder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 12. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslüt. Sünder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel beslet ten. De foarsitter slút om 18.20 oere de gearkomste. Hy betanket de leden fan de ried foar harren bydrage oan diskusje en beslútfoarming. Hy winsket eltsenien wol thús Fêststeld yn 'e iepenbiere gearkomste fan 22 juny 1999, de siktaris, de foarsitter, (R.P. van der Starre) (Y. ((jkstra) y ried 25 maai® 1999/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 18