Gemeente BOARNSTERHIM Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 22 juny 1999 om 20.00 yn it riedhûs yn Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder)R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju FGAukes, J.A. van der Baan, A. Bijlsma (wethâlder) A.M. de Jager, B. de Jong, H.A. Jon kers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethâlder) H.G. Postma, J. Roorda en J. Zijlstra. Ofwêzich: de hear J.H. Smittenberg. Foarsitters de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Under punt 2A sil it brief fan alle fraksjes fan de ried oer it lânboumuseum yn Warten behannele wurde. Hy stelt oan'e oarder: 1. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 25 maaie 1999. De notulen wurde ünferoare fêststeld. 2. Ynkommen stikken. Nûmer 3 Mefrou Veldstra wol graach dit stik yn de kommisje behannelje. Wethâlder Oosterhof seit dit ta. Nûmer 4 Mefrou Santema wol dit stik graach yn de kommisje behannelje. Ek yn Boarnsterhim moat hjir omtinken foar wêze. Wethâlder Oosterhof seit dit ta. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 2A. It brief oer it lânboumuseum yn Warten. Mevrouw Van den Berg bedankt het college voor het op de agenda plaatsen van deze brief. De tijd dringt en het wordt tijd dat raad, college en Plaatselijk Belang in actie komen voor het te laat is. Wethâlder Bijlsma seit dat it brief yn it kolleezje besprutsen is. It kolleezje is tige posityf oer dit inisjatyf. Hy sil besykje de ried op 'e hichte te hâlden. Hy hopet dat noch foar augustus it dokumint nei de Steaten ta kin. Mefrou Santema fynt dat it dokumint der echt komme moat. Warten is en bliuwt it gaadlikste plak foar in provinsjaal lânboumuseum. Warten/- Wergea, it plak dêr't boeren in suvelfabryk oprjochten, dêr't hjoedde- ried 2206/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 3