- 2 dei de grutste fokker wennet, dêr't it toerisme noch groeit en wêrfan de wize hearen fine dat dit it béste plak foar it museum is. De hear Zijlstra hat net folie ta te heakjen oan dizze wurden. By de foarljochting yn Warten hat de foarsitter meiwurking tasein. By de mei- wurking sil ek it finansjele plaatsje fan belang wêze. It tekoart moat ta in mimimum beheind wurde, sa fine ek de Wartensters en mooglik kin it seis in posityf risseltaat opsmite. Mevrouw Van den Berg zegt dat dit provinciale museum heel belangrijk is voor onze gemeente in verband met de recreatieve ontwikkeling. Haar fractie staat positief tegenover een éénmalige bijdrage van Boarnster- him. Misschien kan de exploitatie nog gunstig worden beïnvloed door de medewerking van de vele vrijwilligers. Bij de goede notitie, die er ze ker moet komen, geeft haar fractie het college de vrije hand daar fi nanciën bij te leggen. De heer Jonkers zegt dat ook zijn fractie Warten een prima plaatsvindt voor het museum. Hij heeft bij geruchte vernomen dat de provincie de locatie Aqualutra wil gaan aanwijzen. Dat is een slecht idee uit een oogpunt van marketing en thematiek. Hij vindt dat er creatief nagedacht moet worden over de exploitatie. De hear Van der Baan seit dat de provinsje yn it rapport De Vries in earste oanset jûn hat foar it museum yn Warten. Aqualutra is ek foar syn fraksje net de béste kar. Boarnsterhim hat, sjoen de eigen finans jele posysje, net rynsk jild foar de eksploitaasje. Yn de notysje moat- te wol de finansjele konsekwinsjes foar de gemeente beneamd wurde. Rûn- feartboateigeners hawwe al sein dat sy hiel wat sjogge yn it museum. Miskien dat se wol yn de eksploitaasje meibetelje wolle. De protte frijwilligers dy't der binne meitsje yn elts gefal it draachflak foar it museum yn Warten grut. It is hiel ferstannich de Steaten in goed rapport takomme te litten. Wethâlder Bijlsma seit dat de provinsje yn it rapport De Vries ferskate lokaasjes ôfwûgen hat. Yn it rapport kaam Aqualutra net as in goede lo kaasje nei foaren. No skine Deputearre Steaten dy kant wol op te wol len. It rapport De Vries mei de foarkar foar Warten is ek breed omearme troch deputearre Mulder en troch Pleatslik Belang en de gemeente. Ek de VW en de rûnfeartûndernimmers wolle hiel graach it museum yn Warten hawwe. It draachflak is troch de folie frijwilligers hiel grut te nea- men. It is saak dat der op koarte termyn in dokumint troch de gemeente oan de Steaten oerlange wurdt omt de museumnotysje yn septimber yn de Steaten komt. Yn de begrutting fan it rapport De Vries stiet in ge- meentlike bydrage fan in ton it jier. Dat kin neffens it kolleezje wol wat minder. Mefrou Sant erna tinkt dat it in goed idee is de toeristenbelesting foar rûnfearten te keppeljen oan de eksploitaasje fan it museum. It is spi- tich dat de ried net earder oer dit provinsjale museum praten kind hat. De hear Van der Baan seit dat yn septimber de notysje foar it museumbe- lied ferskine sil. De kombinaasje mei de toeristenbelesting moat nef fens him ündersocht wurde. Wethâlder Bijlsma seit dat mei arguminten der mar ien kar mooglik is, nammentlik Warten. De finansjele konsekwinsjes binne fierder noch net dúdlik, mar dy sille wol ûnder eagen sjoen wurde. Yn gearwurking mei de rûnfeartûndernimmers en de VW kin de eksploitaasje geunstiger útfalle. ried 2206/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 4