3 Hy hat de yndruk dat in museum by Aqualutra gjin opsje is; yn in gear- wurkingsferbân sille sy it beide net réde. De foarsitter konkludearret dat de ried it beslút nimt it kolleezje op te dragen in dokumint te meitsjen dêr't de kar foar Warten as plak foar it provinsjale lânboumuseum nochris mei klam yn nei foaren brocht wurdt De foarsitter dielt mei dat de hear Smittenberg behindere is de gearkomste by te wenjen. 3. Utstel oer ferhier fan steanplakken foar merken yn Grou. De hear Roorda seit dat der in ûngelikense sitewaasje is foar de grutte tsjin de lytse doarpen oer. Der moat besjoen wurde oft de f 6.000,00 oan ynkomsten ek nei de merkekommisjes fan de lytse doarpen ta kin. De foarsitter seit dat dizze suggestje in ôfwagingspunt by de begrut- ting wêze kin. f 6.000,00 sa besteegje betsjut wol dat der earne oars in gat ûntstiet. Foar it kolleezje hat it útstel fan de hear Roorda gjin grutte prioriteit. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 4. Utstel ta it sluten fan in Konvenant Stappen yn Grou. Mefrou Veldstra seit dat yn dit konvenant ien partij ûntbrekt, namment- lik de stappers seis. Krekt sy moatte in protte dwaan oan it feilich útgean. It ferfiersprojekt sil evaluearre wurde moatte. Har fraksje fynt dat ek oare doarpen belutsen wurde moatte by dit konvenant. Ek soe it konvenant in punt fan besprek yn de VFG wêze moatte en mooglik kin der in diskusje oer in likense oanpak fan de slutingstiden kommeBy de ûndertekening fan it konvenant soene ek de stappers belutsen wurde moatte. Mooglik is de iepening fan it skütsjesilen op 31 july in moaie gelegenheid dêrfoar. De hear Roorda fynt dit konvenant in goed inisjatyf. Syn fraksje hopet op goede risseltaten. It konvenant soe eins ferbrede wurde moatte nei de oare doarpen. By de evaluaasje moatte ek de besikers en de omwenjen den belutsen wurde. Hoe sit it eins mei de hanthavening oangeande it skinken fan drank oan jongelju ûnder de 16 jier? Yn de evaluaasje soe it saneamde "piekuurtje" ek meinommen wurde kinne. Likense slutingsoe- ren moat ek nei stribbe wurde. De subsydzje yn it ramt fan de TAP- regeling hâldt yn desimber op. Hoe giet it dan finansjeel fierder? De hear Postma seit dat syn fraksje ynnommen is mei dit konvenant. Ho- reka en taksiûndernimmers hawwe seis ek al stappen setten en dat is bysûnder posityf. Hy mist ien elemint: de oerlêst dy't ûntstiet troch benammen de "schuimparty1s" en it drankgebrûk by de lisplakken foar boaten. Yn it léste foarbyld hat ek de ferpachter fan de lisplakken in f e rantwurdlikheid Mevrouw Van den Berg is zeer te spreken over dit konvenant. Een tijdige evaluatie daarbij is noodzakelijk. Ook de negatieve financiële effecten moeten in die evaluatie worden meegenomen. In navolging van dit konve nant kan er misschien maatwerk voor alle dorpen worden gemaakt. De foarsitter betanket de ried foar syn réaksjes. Der is de terjochte fraach steld op hokfoar wize de stappers seis by dit konvenant belutsen wurde kinne. Dat is ek de soarch fan alle partijen yn it konvenant. By de evaluaasje sil dit punt dan ek bysûnder omtinken krije. It is ün- ried 2206/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 5