- 4 - It is ûnmooglik it konvenant te ferbreedzjen ta alle 18 doarpen. De kommende tiid sil wol praten wurde oer de útbou nei oare doarpen ta. It soe moai wêze dat der yn de VFG ôfspraken makke wurde kinne oer de slu- tingstiiden. Dat sil net maklik wurde en der sil op in kompromis tawur- ke wurde moatte. It kolleezje sil dit punt ek yn de kommisje fan de VFG oan 'e oarder stelle. Der sil in goed momint foar de ûndertekening fan it konvenant keazen wurde. It konvenant seit wat oer it noflike útgean en it feilich wer thús kommen. It hat net as earste doel it werombrin- gen fan it alkoholgebrûk. De horeka is wol oproppen weromhâldend mei "piekuurtjes" ensafuorthinne om te gean. Der wurdt besocht in oplossing te finen yn it ramt fan de TAP-regeling foar it weifallen fan de sub- sydzje yn desimber. De lokale oerheid achtet him net primêr ferantwurd- lik dêrfoar. De bedriuwstak sjocht syn ferantwurdlikheid yn dizzen wol en nimt dy ek. Der sille de kommende moannen maatregelen nommen wurde oangeande de oerlêst by de lisplakken. Der sil mei alle partijen en de ried wiidweidich praten wurde by de evaluaasje, dy't nei de jierwikse- ling hâlden wurde sil. De hear Roorda freget noch nei it punt fan skeaherstellen ek yn oare doarpen Mevrouw Van den Berg doet de suggestie het konvenant te tekenen tijdens de eerste "schuimparty" De hear Van der Baan mist de oertsjûging yn it antwurd dat de belangen fan de totale mienskip ôfwûgen wurde moatte tsjin dy fan in lytse groep horeka-ûndernimmers oer. De ynwenners hawwe in protte oerlêst fan de besikers fan de horeka-gelegenheden. It bestjoer sil dochs ek noarmen en wearden trochjaan moatte oan de mienskip. Hy freget mei klam dy noarmen en wearden oer te bringen oan de groep besikers dy't dêr blyk- ber ferlet fan hat. Tal fan eksessen binne ommers it gefolch fan tefol ie drank en drugs. Foarljochting is net foldwaande, der sille grinzen steld wurde moatte. De foarsitter seit dat dit konvenant oer Grou giet. Utwreiding nei oare doarpen ta sil der wol fan komme, mar dat kin net fuortendaliksHy is bang foar flekken op it konvenant by in ûndertekening tidens in "schuimparty". Fansels sil der in oare goede gelegenheid socht wurde. It konvenant giet, sa as earder ek al sein, oer feilich útgean en fei lich nei hûs gean, net oer de noarmen en wearden dêr't de hear Van der Baan op tsjut. Hy is it lykwols wol iens mei wat de hear Van der Baan sei Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 5. Utstel ta it nismen fan in tariedingsbeslút op grûn fan kêst 21 fan de Wet op de Romtlike Oardering. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be sletten. 6. Utstel ta it fêststellen fan in ûntwerp-bestimmingsplan Rykswei 31 en ûngrûndearreferklearring fan 'e fiif yntsjinne sjenswizen. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be sletten. ried 2206/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 6