De leden fan de gemeenteried fan Boarnsterhim Grou, 9 septimber 1999 Giet om: riedsgearkomste fan 21 septimber 1999 Achte dames en hearen, Yn 'e gearkomste fan tiisdei 22 juny lêstlyn is riedsbreed oan ús kolleezje frege om alle krêften oan te spannen om it safier te krijen dat it "Nije Fryk Lânboumuseum" him fês- tigje sil yn Warten. Oant no ta hawwe wy mei in pratte enerzjy útering jûn oan jo winsk om de "goeie kar" foar Warten ûnder de oandacht te bringen. Om dy oandacht fêst te hâlden, moatte wy regelmjittich it belang fan it museum yn it nijs bringe. Yn dat ramt haw ik, yn goed oerlis mei de wethâlders, op grûn fan it reglemint fan oar- der foar de gearkomsten fan 'e gemeenteried, kêst 6, lid 2, besletten om de kommende riedsgearkomste te hâlden yn Warten, yn Hotel Restaurant "De Brigantijn". Us boads- kip: wy sjogge Warten sitten! De riedsgearkomste sil, lyksa as yn it riedhûs, begjinne om 20.00 oere. Ik gean derfan út jo sa foldwaande ynformearre te hawwen. Mei achtinge, de 'e gemeente Boarnsterhim, yd ried yn Warten.doc/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 78