- 8 - De hear Zijlstra seit dat syn fraksje kritysk meitinkt. Mocht letter bliken dwaan dat de brêge der net komme kin, dan moat der no gjin jild oer de balke smiten wurde. Syn fraksje wol jild beskikber stelle foar de tarieding. As de útfiering fan de brêge oer de Nauwe Galle der oan- komt wol syn fraksje desneeds yn in ekstra gearkomste dêr wol oer pra- te Mefrou Veldstra seit dat no wol wer bliken docht dat it wichtich is dat der in iepenbiere diskusje plakfynt. Har fraksje wie dan ek net foar yn besletten sitting trochgean yn de léste kommisjegearkomsteHar fraksje wol it kolleezje noedzje om't it in hiel grut projekt is. De ried hat it budzjetrjocht Wethâlder Oosterhof seit dat de diskusje foar in grut part ynjûn wurdt troch de Troanrede en dat hat neat te krijen mei de iepenbierheid. Der is yn beslettenheid praten om't de ûnderhannelingen oars yn gefaar kom me soene. It soe in sinjaal fan ûnfermogen wêze as it beslút oars wêze soe as yn it konvenant oanjûn stiet. Der binne pas risiko's as de fer- plichtingen net op 'e tiid oangongen wurde. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 22.30 oere foar oerlis yn it kol leezje. Hy weriepenet de gearkomste om 22.40 oere. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje besletten hat de útfierin^ fan de brêge yn de Nauwe Galle út it útstel te hellen. Der wurdt no út- steld om 6 miljoen beskikber te stellen. Yn oktober komt it kolleezje mei mear gegevens oangeande de brêge yn de Nauwe Galle. De foarsitter seit dat út it beslút helle wurdt de ûntsluting fan de Nauwe Galle. De ried draacht it kolleezje op yn ferbân mei de hjoed yn de Troanrede bekend wurden sitewaasje om oerlis te fieren mei de pro- vinsje. Dêrfan sil yn oktober ferslach dien wurde oan de ried. De hear Van der Baan is bliid mei it feroare útstel. Syn fraksje fynt dat der nea sprake wêze kin fan gebrek oan betrouwen yn it kolleezje. It giet om it budzjetrjocht fan de rie. Hy fynt it net terjochte dat der hyltiten wer skerme wurdt mei as soe der in gebrek oan betrouwen wêze De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje net samar mei it earste út- stel akkoart gien is. De besletten gearkomste wie yn de diskusje in weardefol elemint. Syn fraksje hat der alle betrouwen yn dat it kol leezje nei de ried komme sil as der wichtige Ontwikkelingen binne sa as bygelyks it net trochgean fan de Steandemêst-rûte De hear Postma seit dat syn fraksje yn it ferline ûnder betingsten ak koart gien is mei de Steandemêst-rüteIs de no útstelde 6 miljoen fol- dwaande. De konsekwinsjes fan it derút heljen fan de brêge oer de Nauwe Galle moatte goed besjoen wurde sjoen de 5B-oanfraach en it konvenant. Syn fraksje soe oer de brêge yn de Nauwe Galle gjin beslút nimme wolle, mar dat beslút foarútskowe nei oktober. Wethâlder Oosterhof seit dat yn de 6 miljoen ek de tariedingskosten fan de brêge yn de Nauwe Galle sitte. De foarsitter seit dat in grut part fan de ried wol dat de brêge yn de Nauwe Galle derút helle wurdt. De ried jout it kolleezje wol de op- ried 2109/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 10