- 9 - dracht oerlis mei de provinsje te fieren. Der wurdt no gjin beslút nom- men oer de brêge yn de Nauwe Galle. Hy stelt út oer it oanpaste útstel fan it kolleezje te stimmen. Nei de hâlden stimming oer it wizige útstel fan it kolleezje docht bli- ken dat it mei 13 stimmen foar en 4 dêr tsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Van der Meulen, Smittenberg, Van den Berg en De Jager. De hear Van der Meulen leit út namme fan syn fraksje in stimferklear- ring ôf. Hy fynt it ûnferantwurde dit beslút te nimmen wylst it kol leezje net dúdlik oanjaan kin wat de gefolgen binne fan dit net fol- sleine beslút. It beslút kin dan better mar hielendal yn oktober nommen wurde 15. Utstel ta it beskikber stellen fan in oanfoljend kredyt foar it werûnt- wikkeljen fan it Stork Bepakterrein yn Grou. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be- sletten. 16. Utstel ta it oerbringen fan "Saldi Andere voorzieningen"en it tapassen fan 'e "hardheidsclausule" oan it skoalbestjoer Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be- sletten. 17. Utstel oangeande it ferfangen fan 'e dakbedekking fan 'e Nijdjipskoalle Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be- sletten. 18Utstel oangeande it efterstallich ûnderhâld bibleteek yn Akkrum en steanplakken bibliobus 2000. De foarsitter dielt mei dat de fraksje fan de P.v.d.A. in amendemint yntsjinne hat. It amendemint is foldwaande ûndertekene. De fraksje krijt earst de gelegenheid ta it jaan fan in taljochting. De hear Zijlstra jout in wiidweidige taljochting op it amendemint. Fer- line jier hat syn fraksje al ynformaasje ynwûn op in byienkomst oer it fuortbestean fan de bibliobus. Gemeenten binne hoe langer hoe mear dwaande om de lytsere doarpen te foarsjen fan in "internet-oansluting" en noch in tal boeken as ferfanger fan de bibliobus. De taljochting is taheakke oan it amendemint. De tekst fan it amendemint en de taljoch ting is: "Het college van burgemeester en wethouders van Boarnsterhim stelt op korte termijn een werkgroep samen, welke binnen 2 jaar met een uitge werkt plan komt voor de vervanging van de bibliobus. Hierbij wordt de bijgevoegde toelichting als richtsnoer gebruikt." "Toeliching bij het amendement: De bibliotheek op het platteland. (Ondertitel: De bibliotheekvoorziening in Boarnsterhim) 17 dorpen: 18.000 inwoners. Huidige situatie: -Centrumdorpen 5000 inwoners: bibliotheek of nevenvestiging. -Dorpen 500 tot 5000 inwoners: bezoek van de bibliobus. Ontwikkeling -Gemeente beperkt subsidie (zoekt naar kostendekkendheid) -Intensivering en uitbreiding diensten centrumbibliotheek kost extra geld. -Aantal abonnementen, bezoekers bus, loopt terug. -Aantal uitleningen loopt terug. ried 2109/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 11