-16 - De hear Zijlstra seit dat der ek wol hiel faak wurden fan teloarstel- ling oan it adres fan de fraksje fan it C.D.A. sprutsen kind wurde hie- ne. It konvenant mei boubedriuw De Jong is op 2 maart 1998 sluten. Doe wie mefrou Bouma noch gjin wethâlder, mar sy moast wol de óf spraken neikomme. As der troch it C.D.A. praat wurdt oer it bewust tsjinwurkjen en it net serieus nommen wurde fan de ried en de hear Smittenberg it hat oer it net krekt ynformearjen fan de ried dan binne dat swiere wur den dy't mei opset sin sprutsen wurde. Syn fraksje hat mei wethâlder Bouma de saken goed bepraten. Sy hat net bewust de ried yn ûnkunde lit- ten, sy hat net bewust de saak net serieus behannele; sy hat net bewust de ried net goed ynformearre. De fraksje fan de P.v.d.A. hat betrouwen yn syn wethâlder. Op dit stuit binne der partijen dy't harren seis hiel bot ynsetten hawwe foar de Storkhaven, mar dat slagge net. Men koe gjin oerienstimming mei oare partijen ta stân bringe. Doe't de provinsje Han dochs mei jild noch oer de brêge kaam stie dat yn de beslutelist fan it kolleezje. Elts koe it dus witte. No einliks wurdt de beerput op it Storkterrein oanpakt. Ek it foarige kolleezje wist dat der besunige wurde moast. De tekening ferskilt yndied fan de tekening by it riedsbe- slút, mar de nije tekening wie wol oanwêzich by it fan start gean fan it projekt. Mei de mindere djipte kin syn fraksje wol ynstimme. De dri- uwende stegers stie "eventueel" by, dus dat wie besprekber. It brief dêroer jout dúdlikheid genôch. Hy fersiket de wethâlder nei te gean watr in trailerhelling foar lytsere boaten kostet. Hy tinkt dat dat foatf minder dan f 15.000,00 kin. De kanosteger is nea earder oer praten. Hy is benijd nei it antwurd fan de wethâlder. Syn fraksje hat in folslein betrouwen yn de wethâlder. Wethâlder Bouma seit dat de driuwende steger bedoeld wie om festivitei ten yn de havenkom mooglik te meitsjen. Mar as der aktiviteiten organi- searre wurde dan kin dat ek hiel goed oan de foarkant fan de haven. As de mooglikheid fan in trailerhelling der is en der is jild foar dan wol it kolleezje dat wol mei de ried beprate. Yn de kommisjegearkomste fan 27 july binne ek de konsekwinsjes fan in helling op it tekene plak oan- jûn. De haven is opskood rjochting de Volmawei en as dêr grutte auto's mei trailers draaie moatte sille grutte ferkearsopstoppingen fan gefol- gen hawwe. De bedoeling is by de trochbraak nei it wiete bedriuwenter- rein in trailerhelling te meitsjen. De ried hat yndied it rjocht fan budzjet. Ek is sy it der mei iens dat der better mei de ried kommuni- searre wurde moat. It kolleezje wol net in driuwende, mar in fêste ste ger oanlizze. Omt it wurk op 15 oktober al klear wêze moat, koe net oars besletten wurde dan al fêst fierder te gean. As de ried graach oer in trailerhellinkje prate wol kin dêr wol mei de kommisje oer pra ten wurde op basis fan arguminten. De haven wurdt tagonklik foar minder valide minsken. Al mei al tinkt sy dat it in hiel moaie haven wurdt, dêr't in ferskaat oan boaten in plakje fine kin. De foarsitter konstatearret dat benammen it tredde punt út it inisjaty- fútstel oer bliuwt. It kolleezje is best ree om mei de kommisje te pra ten, op basis fan goede arguminten, oer de winsk fan de ried om in trailerhelling te realisearjen, yn de haven of mooglik op in oar plak. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje akkoart is mei de tasizzing fan it kolleezje. De heer Jonkers wil dat er op zeer korte termijn een besluit wordt ge nomen over de plaats van een trailerhelling. ried 2109/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 18