Gemeente BOARNSTERHIM Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 21 septimber 1999 om 20.00 yn Hotel Restaurant "De Brigantijn" yn Warten. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Oanwêzich: de dames K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wet- hâlder)R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman- Koopmans en de hearen F.G. Aukes, J.A. van der Baan, A. Bijlsma (wethâlder) A.M. de Jager, B. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethâlder) H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Oan de wurklist wurde de punten 19 en 20 taheakke. Hy stelt oan 'e oarder: 1. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 13 july 1999. Op fersyk fan mefrou Van den Berg wurdt op side 12 oan de ein fan punt 12 taheakke: "Er wordt door enkele raadsleden gevraagd of er per punt gestemd kan worden. De foarsitter giet net op dizze suggestje yn." Op fersyk fan de hear De Jager wurdt op side 12 by wat hy sein hat it wurd "toeristyske" foar it wurd "rütes" setten. Op fersyk fan de hear Postma wurdt op side 12, by wurklistpunt 13 ta- foege: "dat giet dan om de punten a, b, c en d fan de taljochting. En de sin: Indien de besteding lager uitvalt dan het gereserveerde krediet dan wordt het verschil overgeheveld naar de algemene reserve". Yn acht nommen dizze wizigingen wurdt it ferslach, fierder ûnferoare, fêststeld. 2Ynkommen stikken. Nûmer 19: Mefrou Santema soe graach de suggestje fan de skriuwer om de haven de Hellingshaven te neamen yn de kommisje beprate. Dizze suggestje wurdt ek dien troch de leden Van der Baan, Roorda en De Jager. De foarsitter seit dat it brief de proseduere foar de strjitnammejou wing folgje sil. It brief sil yn hannen steld wurde fan de geakundekom- misje Nûmer 2 0: De hear Van der Baan wol dit stik graach yn de kommisje behannelje Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje oerwage sil dizze betingst op te nimmen. De gemeente hat lykwols mar 10 wenten yn eigendom en tinkt net oer ferkeap dêrfan. ried 2109/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 3