- 2 - Nûmer 22 De hear Van der Baan seit dat syn fraksje sympatyk tsjin dit fersyk oer stiet Mefrou Wegman tinkt dat it fersyk yn it ramt fan it akkommodaasjebelied meinommen wurde kin. De heer Jonkers is voor een behandeling in de commissie. Wethâlder Bijlsma seit dat dit fersyk meinommen wurdt by it akkommo daas jebelied. Nûmer 2 3 Mefrou Santerna wol dit stik graach yn de kommisje behannelje. Ek de hear Van der Baan wol dat graach. Wethâlder Bijlsma seit dat yn de eksploitaasje fan Sportfondsen Neder land it sa opnommen is dat it swimbad op 3 as 4 septimber tichtgiet. Miskien kinne der yn de takomst oare ófspraken makke wurde. It kolleez- je wol it swimbad net slute. Der is al tasein dat it kolleezje foar 1 jannewaris 2000 mei útstellen oer de takomst fan it swimbad nei de ried ta komt Nûmer 2 6 De hear Zijlstra wol in foarljochtsjend artikel yn Op 'e Hichte. Ek mear ynformaasje op de miljeukalinder soe goed wêze. Dit liket wethâlder Oosterhof in goed idee ta. Nûmer 2 8 De hear Van der Baan wol dit stik graach yn de kommisje behannelje. De hear Zijlstra tinkt der al krekt sa oer. Wethâlder Bijlsma seit dat der berjocht kommen is fan it ryk dat der maatregels nommen wurde sille, mooglik mei weromwurkjende krêft. Nûmer 27: Mefrou Santerna wol dit stik graach yn de kommisje behannelje. Wethâlder Bijlsma seit dit ta. Nûmer 31: Mefrou Santema seit dat yn de krante al in betankje fan Warten stie foar de ynset foar it nije lânboumuseum. Yn it stik fan deputearre Mul der is it nijsgjirrich dat it rapport foar ferbining fan de lânbou mei lânskip en skiednis. De gearwurking op it mêd fan natuer en lân- skipsûntwikkeling soe in unike kâns yn Warten hawwe. Ek it besiterssin- trum fan de Alde Feanen soe keppele wurde moatte oan it nije lânboumu- seum. De hear Van der Baan seit dat it feit dat de provinsje op 'e nij in no- tysje útjaan sil wiisd op dat der nochal wat twifel is oer de kar foar it plak fan it lânboumuseum. De kânsen foar Warten kinne dêrtroch moog lik wat grutter wurde. ried 2109/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 4